15

Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa’t is’ Yn de doarpskrante fan novimber-desimber hawwe jimme al wat ferteld oer it stik wat wy yn maart foar jim spylje sille. Wy hawwe 3 spilers oan jimme foarsteld en yn it koart út de doeken dien wêr it stik oer giet. Dit kear in lyts foarpriuwke oer de klean en it dekor… Yn de sechstjinde iuw waard de moade foar rike en aadlike froulju karakterisearre troch in nau lyfke, folumineuze mouwen en meardere rokken oerelkoar. Kostbere stoffen waarden opsierd mei borduersels, pearels en kant en dêrneist droegen froulju faak in (wite) ploaikraag, ek wol mûnestien neamd. De moade foar adellike en rike manlju waard karakterisearre troch it trochknippen fan de mouwen by de earmtakke om de bewegingsfrijheid te fergrutsjen. De broek wie koart en ballonfoarmich en foarsjoen fan strakke pipen of in maillot (men yn tights ). Sjogge jimme it al foar jim? Wat it dekor betreft: It stik spilet him ôf op strjitte foar it hûs fan Baptista Minola yn Padua en yn it hûs fan Petruchio yn Verona. It dekôr azemet de sfear fan in âld Italiaansk stedsje. Sponsoaren Dit jier binne wy ek op syk nei sponsoaren. Us ferieniging sponsorje kin finansjeel, mar ek yn in oare foarm; bygelyks troch it sponsorjen fan in priis by de ferlotting, it beskikber stellen fan dekôrstikken, klean, neam mar op! Wolle jim ús sponsorje? Lit it mar witte. Mear ynformaasje oer it sponserjen folget. Foarferkeap Yn it nije jier komme wy fansels wer by de duorren lâns om kaarten te ferkeapjen. Donateurs kinne 2 kaarten yn de foarferkeap keapje foar € 15,- (€ 7,50 it stik). Kaarten sille oan de doar € 10,- kostje. Donateur wurde fan ús toanielferiening? Dat kin gelyk by ús oan wy by jimme oan de doar steane! Spilers, bestjoer en meiwurkers fan Nim it sa’t is Hâlde jimme 22 en 23 maart frij yn de aginda?! En ek dizze kear litte wy jim op de folgjende siden yn ‘e kunde komme mei in pear personaazjes….. graach stelle wy dizze kear jimme foar oan in pear spilers út ús ploech. 15

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication