34

Feriening yn byld Troch Watse Dizze rubryk is foar de redaksje faak de meast lestige om yn te foljen. Dat komt ienfâldichwei omdat jo op in gegeven momint alle ferienings en organisaasjes wol in kear hân ha. Hoe moai is it dan dat der op iens in nij selskip binnen de mienskip ûntstiet. Geweldich dochs? Ik ha ôfpraten mei de mannen efter it muzykkafee inisjatyf. In relatyf nij idee fan ouwer rockers út de ouwer doarpen. It binne: Bouwe Jan Huisman, Reinder de Jong, Tiede van de Velde en Eddy de Boer. No wennet dy lêste al jierren yn Easterein mar hy groeide op oan de kaai yn Rien. It is dus net foar neat dat wy him hjir in protte sjogge as der wat te rêden is. Miskien is syn hert wol nea hielendal ferhuze út de ouwer doarpen. Mannen wat in geweldich inisjatief fan jimme om wer live muzyk nei it doarpshûs te heljen. Hoe binne jimme sa op dat idee kaam? Eddy: “Reinder en Tiede binne mei it earste idee op de proppen kommen.” Tiede: “Eins is it al begûn noch yn de koroana-krisis. Reinder hat midden yn de koroanatiid twa kear in konsert by himsels yn ‘e tún organisearre. Dat wie al in sukses en hat ús yn petear brocht.” Reinder: “Ja, en Eddy hat hjir eartiids altyd wenne en ús, ik wit net hoe faak, ferteld oer it ferline en de muzyk jûntsjes dy ’t troch Egbert en Richt van der Weide yn it âlde kafee organisearre waarden”. Eddy: “Ja, dat wie doe echt wol spesjaal. De seal wie der doe noch net. It spile him dus allegearre ôf yn it kafee gedielte. Der stie dan in komplete band te spyljen op it plak dêr’t no de trochgong is nei de seal. En de term ‘útferkocht’, dy like destiids net echt te bestean. It wie faak ôfladen fol. Mar ek beare gesellich.” Is it jimme ambysje om dy sfear en drokte wer werom te bringen? Eddy: “No de sfear fan doe wie geweldich, mar dat wie doe en dit is wer in oare tiid. Ik soe no echt net mear yn sa’n fol kafee stean wolle.” We ha ferline jier in hartstikke moai earste seizoen hân en we geane moai sa troch. Wy sjogge wol wer’t wy bedarje. Mar it is al wat skande dat de Golden Earring stoppe is.” Tiede: “No sa presys. Mar it is beslist al sa dat wy troch de belangstelling dy’t wy oant no ta krigen ha, al omsjen kinne nei bands út in wat djoerder segmint. Wy ha ûnderling al ôfpraten dat we gjin gedoch wolle. As der in kear heibel ûntstiet of immen leit ús op dat wy befeiligers nedich ha of soksawat dan hâlde wy der wer mei op.” 34

35 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication