35

Ik begryp dat der nei de Callahan Clearwater Rivial tributeband ek al wat ‘gedoe’ ûntstien is. De ljip fan de fûgelwacht is troch immen fan de aaikast helle en dy strúnt sûnt dy tiid wat op Facebook om dochs? Eddy: “Ja, dat wie efkes net foarsjoen. Mar we ha al in oprôp pleatst en goede hoop dat de ljip fan Itens meikoarten wer op syn aaien sit. Of witsto der soms mear fan Watse?” “Ik wit fan neat Eddy. Sjochtsto my wolris op Facebook omfladderjen dan?” Eddy: “Oh no we sille it sjen. Hast my noch net oertsjûge. Wy wachtsje it mar ôf en oant hy wer werom is spylje wy mar wat yn op de populariteit fan de ljip fan Itens. Sa kinne wy foar it kommende jûntsje in wiere Merchandise lijn oankundigje. In prachtich T-shirt, gehiel yn styl fan de ljip! It is in limitearre oplage, dus ik soe der beslist by wêze as ik jimme wie. Wat stiet ús dit seizoen, útsein de merchandise, eins noch mear te wachtsjen? Reinder: “Wy ha as earste it plaatsje draaien, op 13 jannewaris. Dat wie ferline jier ek ús alderearste jûntsje. Dit jier roppe we elkenien op om yn in âld (tour) shirt fan in favorite band nei de Lytse Fjouwere te kommen. It leafst in hiele âlde, om my mei gatten deryn. As der mar in moai ferhaal oer te fertellen is. Op 10 febrewaris sil de band Paardenkooper wer optrede yn Itens. Dat wie de alderearste band dy’t wy nei Itens helle ha. De gitarist fan dy band is beslist ien fan de bêste bluesgitaristen fan Nederlân. Dus dat is echt wol de muoite wurdich om (noch) in kear mei te meitsjen. Op 30 maart slute we dit seizoen dan ôf mei de band Farsk. Dat is de band dêr’t Tiede yn spilet, dus dy kin dêr fêst better oer fertelle as my”. Tiede: “Wy spylje in protte covers fan ferneamde artysten lykas: Neil Young, Nothing but Thieves en the Foo Fighters, mar dan wol op ús eigen wize. We ha de teksten oersetten yn it Frysk en ek it tempo en de wize soms bewurke. Fan in rêstich nûmer meitsje wy dan bygelyks in snel en hurd nûmer of krekt oarsom. Mar we ha ek it programma fan it folgjende seizoen al grutendiels rûn. Dêr ha wy no al sin oan want we ha in echte top tributeband binnen helle: de Stevie Ray Vaughan Undercoverband. Dat beloofd echt wat bysûnders te wurden.” Ik ha dy noch net heard Bouwe Jan. Wat is dyn rol eins binnen dizze ploech? Bouwe Jan: “Ik bin de koerier en koudbier manager. Met de muzyk bemoei ik mij einlyks niet. Mag trouwens ook niet van hun hoor. Dus dat laat ik mooi aan die mannen over. Laat mij maar mooi de andere dingen wat regele ju. Dat vind ik wel su moai. Laatst binne we met syn allen even naar Rammstein weest. Super gesellich en as wy fergadere dan zorg ik vaak voor de catering. Nau su wat. Eddy: “Ja, Rammstein moasten wy efkes ‘scoute’ foar de Lytse Fjouwere no”. Dat makket my wol wat nijsgjirrich. Hoe sit it dan mei de eigen muzikale foarkar? Bouwe Jan: “Ik vind fan alles wel moai. Mar om my konden we wel in ABBA tributeband naar Itens toe hale.” Eddy: “No dêr binne wy noch net oan ta no”. 35

36 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication