41

Tiden hawwe tiden Troch Watse De Hinnaarderhoeke. Hy leit der al jierren like fredich by. Soms skarrelje der in pear hoannen of kninen om dêr’t in oar graach fan ôf woe, mar fierder komt der net folle nijs fan de hoeke ôf, dy’t mei de komst fan de dyk nei Britswert eins feroare is yn krusing ynstee fan in echte hoeke. Mar Eartiids wie de Hinnaarderhoeke hjir echt it plak om Ald en Nij te fieren! Sa tusken Kryst en Ald en Nij waard dêr op de hoeke in grutte brânbult opboud, dy’t op 1 jannewaris flak nei middernacht feroare yn in wier ynferno. Miskien foel it ek wol wat ta mei dy flammensee, mar ik wie doe in jier as 8 en dus makke it fansels in protte yndruk op my. De minsken rûnen of fytsten út de doarpen wei nei de hoeke ta om inoar te moetsjen en in lokkich nijjier ta te winskjen. As ik no lâns de hoeke kom en weromtink oan de bulte en it fjoer, dan freegje ik my wolris ôf hoe't it kin dat der noch sa'n grutte beam stiet. De brânbult sil tink ik dochs wat minder grut west ha as it my heucht. Dat, of it is wol in hiele ‘taaie rakker’. De bulte waard grutdiels opboud troch de jongerein út de Fjouwer Doarpen. Se hellen rûnom guod wei. As it mei in protte benzine brâne woe, dan wie it al gau geskikt om op ’e bulte te smiten. In protte minsken, dêrûnder ek myn eigen heit, spilen sels yn op de komst fan de jongkeardels. Nei de Kryst waard by ús thús de skuorre en it hok opromme en gie der dernei altyd wol in karre fol rjochting de hoeke. En sa wiene der neffens my in hiele protte. It slepen hie foar de belutsen jongelju ek noch in soarte fan kompetysje-elemint, want ek yn de doarpen om ús hinne waard in brânbult opboud. Wa hat de grutste en wa kriget it guod fan minsken dy’t tusken twa brânbulten ynwenje? Mits jierren 80 soarge dizze kompetysje sfear foar in wiere rel tusken de bouwers fan Easterein en dy fan de Fjouwer Doarpen. Twa nachten foar de jierwiksel gie de bulte fan Easterein samar yniens yn flammen op. No wie dat úteinlik fansels ek de hiele bedoeling, mar dochs wiene de Eastereinders tige min te sprekken oer it feit dat immen harren bulte te betiid oanstutsen hie en sy giene op syk nei de dieders. Se kamen út by twa jongemannen út de Fjouwer Doarpen dy’t dyselde nacht mei in protte wille en lawaai troch Eas41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication