De boer dêr’t ús heit yn it lêst foar wurke, koe him op it lêst net mear oan it wurk hâlde. Hy frege oan myn âlden oft ik it plak fan myn eigen heit ek ynnimme woe. Mar dat seach iksels net sa sitten. Ik hie krekt de kweekskoalle ôfmakke en woe graach oan it wurk as skoalmaster. Ik bin doe begûn yn Aldegea W (no Sûdwest-Fryslân). Ik krige dêr de middenbou en ha der ouwer jier wurke en bin doe oerstapt nei in skoalle yn Warkum. Ik koe dêr ek wol haad fan de skoalle wurde, mar dat woe iksels eins net. Ik woe studeare en bin dêr doe ek mei útein setten. It mei ek yn it Frysk! Njonken myn wurk as skoalmaster ha ik pedagogyk studearre. Earst yn Amsterdam en letter ha ’k ek noch it doktoraat helle yn Grins. Sa koe it barre dat tsien jier neidat ik as learling de kweekskoalle yn Snits ferlitten hie, ik de doar dêr wer iepen die as dosint. De minsken dy’t ik earst oansprutsen hie mei ‘jo’, wiene no myn kollega’s wurden en moast ik oansprekke mei ‘do’. It hat wol efkes duorre foardat ik dêroan wend wie. Ik ha mear as 30 jier wurke foar de kweekskoalle. Hjoed-de-dei is dat de Pabo. De earste 20 jier wurke ik op in lytse selsstannige opliedingsskoalle yn Snits. Dat wie tink ik ek myn moaiste tiid en it is ek it plak dêr‘t myn leafde foar de Fryske taal fierder oanurre is. It wie nammentlik in twatalige opliedingsskoalle en dêrmei wiene wy unyk. Yn dy tiid ha ’k bygelyks in nije didaktyk ûntwikkele foar it oanlearen fan de Fryske taal. Mar it wie in lytse skoalle yn in tiid fan tanimmende skaalfergrutting. Wy woene graach selsstannich bliuwe, krekt fanwegen it unike karakter fan ús opliedingsskoalle. Sadwaande waard ik gefoelsmjittich twongen om op te kommen foar it behâlden fan de Fryske opliedingsskoalle, regelmjitttich ha ‘k it besteansrjocht ferdigenje moatten tsjinoer beliedsmakkers. Njonken it wurk op skoalle bedarre ik ek as sekretaris yn de Ried fan de Fryske Beweging. Ik ha û.o. 20 jier lang belutsen west by it útrikken fan de Fryske Reklamepriis. Ek ha ik my sterk makke om yn de soarch gebrûk meitsje te kinnen fan de Fryske taal. Krekt as jo slim siik binne is it o sa noflik en wichtich dat jo yn jo memmetaal holpen wurde kinne. Dat ûnderfyn ik no sels ek as pasjint. As ik no yn it Antonius sikehûs kom hinget dêr altyd in boerd mei dêrop de meidieling ‘dat jo ek yn it Frysk holpen wurde kinne’. Kinst tink ik wol begripe, dat boerd docht my altyd goed! Lytsboer Doe’t ik wurke oan de kweekskoalle hie ik simmerdeis altyd in overal efter yn de auto. As it wurk op skoalle dien wie, ried ik nei in boer ta yn de omjouwing om dêr te helpen yn it hea of by it ûngetiidzjen. De leafde foar it buorkjen hat der by my altyd ynsitten en wy hiene dan ek altyd de winsk om op in pleats mei in lyts bytsje fee en lân te wenjen. 10
11 Online Touch Home