Nei 13 jier yn Easterein wenne te hawwen, binne wy yn 1990 hjir yn Itens kommen te wenjen. Foar ús buorke Siem Falkena op dizze pleats. Doe’t syn pleats te keap kaam hawwe wy kontakt socht mei de makeler en oanjûn dat wy wol belang hiene by de pleats en de húskavel, mar dat hy de rest fan it lân wol oan in oar ferkeapje mocht. Dat is úteinlik slagge en sa binne wy hjirre bedarre en koe ik romte jaan oan myn leafde foar it buorkjen. Yn de rin fan de tiid ha ik al it gongbere ark sammele wat nedich wie om de 5 pûnsmiet lân by dizze pleats te bewurkjen. It meanen wie dêrby altyd myn persoanlike favoryt. Yn it begjin hiene wy yn de skuorre ek noch aardich wat fee. Earst opfok keallen dy’t bedoeld wiene foar de eksport, mar doe’t dêr de klad wat ynkaam binne wy oerstapt op Frysk readbûnte kij. Doe’t wy der mei úteinsetten stiene der noch mar goed 300 kij ynskreaun by it stamboek. Us earste kealtsje wie Jantsje 1000. Wy kochten it as keal, mar al gau die bliken dat se wat te lang by in oare bolle omrûn hie. Sadwaande krigen wy in skoftke letter der noch in keal op ta. Wy ha jierrenlang readbûnt fee fokt en hâlden. By it stamboek kinne jo hjoedde-dei noch altyd sied krije fan in bolle dy’t troch ús fokt is. Dy bolle krige de namme Jetse Goasse en is ferneamd nei ús soan Goasse dy’t ek altyd tige belutsen wie by it fee. Ik bin ek altyd grut leafhawwer west fan Fryske hynders. Troch de jierren hinne ha wy in oantal hynders hân. No hawwe wy der noch ien: ús Hylke. It is ek in hynder dy’t wy sels fokt ha. Oant ferline jier hiene wy ek noch in oar hynder. Mei dat hynder mocht ik graach meidwaan oan it ringstekken, mei de Tilbury. Prachtich moai wie dat. Dit jier haw ik ek noch in kear mei Hylke meidien oan it ringstekken yn Ferwâlde. Mar dat gie net fansels, want Hylke is eins hielendal net geskikt foar dy sport. Hy kin net sa bêst wachtsje en brûst fan de enerzjy. Hy is eins folle geskikter om hurd te wurkjen. Rom foardat wy los koene ha wy him al ynspand en ha ’k him in moai skoft drave litten. Rûntsje nei rûntsje oant wy oan bar wiene. Sûnder fierder opûnthâld binne wy streekrjocht it parkoers op gien. It wie prachtich moai, mar wy ha fansels neat wûn. De oare dielnimmers seinen nei ôfrin tsjin my dat ik Hylke eins better foar de ploech spanne koe en dat is beslist ek wier. Mar ik ha der net minder fan geniete! Begjin oktober stie der eins noch tefolle gers op ús lân en doe ha ’k op 7 oktober alles der noch in kear ôfmeand. Dêr ha ’k ek o sa fan geniete. Machtich moai wurk fûn ik dat altyd. Mar twa dagen letter waard ik sa siik as wat en bin ik foar langere tiid opnommen yn it sikehûs. It like in hoartsje striemin, mar ik klauterje no wer wat by de wâl op. Jo fertelden oan it begjin oer it deadlik ûngemak wêrby jo suske ferstoarn is. Wat hat dat mei jo dien? Ha jo dêr bygelyks ek skuldgefoelens oan oerhâlden? “Nee net sa sear. Ik wie trije jier âld doe’t it barde. Ik ha der eins hielendal gjin oantinkens oan en gjin idee hoe’t it no presys gongen is. 11
12 Online Touch Home