De Alvestêdetocht fan … Alwer in winter foarby sûnder Alvestêdetocht. Soe it der ea noch wolris fan komme? Om sels oantinkens te hawwen oan in eardere Alvestêdetocht moatte jo al hast 30 jier âld wêze! Salang’t wy wachtsje moatte op in nije edysje, sille wy it dwaan moatte mei de oantinkens oan eardere tochten. Dêrom, spesjaal ek foar de ‘30 minners’, oan de ein fan eltse winter sûnder Alvestêdetocht, it ferhaal en de oantinkens fan in (âld)ynwenner dy’t de tocht der tochten sels riden hat! Wa wit hoe legindarysk harren prestaasje ea wol net wurde sil?! Dizze kear in ferhaal oer in Alvestêdetocht dy’t mei gjin inkele oare tocht te fergelykjen is. Sûnder mis de meast legindaryske fan allegearre en dat sil ek altyd wol sa bliuwe. Der binne films oer makke en in steapel boeken oer skreaun. De winner hat miskien wol ien fan de meast legindaryske sportprestaasjes levere ea. De bynamme fan dizze edysje fan ‘de tocht der tochten’ seit eins alles: ‘de Hel fan ’63. Om mar oan te jaan hoe swier dizze tocht wie hoege jo eins allinnich mar nei de keale sifers te sjen. Fan de 568 wedstriidriders dy’t fan start gean komme der mar 57 oan en fan de 9.294 toerriders helje mar 69 de einstreek. 0,74% fan de minsken dy’t starten binne behelje it krúske. De held fan dit ferhaal heart ek by de dapperen dy’t it besocht ha, mar der net yn slagge binne om de tocht út te riden. Dat soe ek te moai wêze om wier te wêzen. Mar fersin jo net, de haadpersoan fan dit ferhaal wie beslist gjin koekebakker op it iis. Hy ried nammentlik wol de Alvestêdetochten fan ’54 en ’56 út! Wa’t him it foarige ferhaal fan Siep Boonstra noch heuge kin, wit tink ik al oer wa’t it giet. Dit is it Alvestêde-aventoer fan Jan Boonstra sr. út Rien. Jan: “Yn ’54 wie ik 18 jier âld en siet ik by de Marine. Dêr koe ik my doe ek opjaan foar de Alvestêdetocht, mar ik moast wol earst foarride om sjen te litten dat ik goed genôch ride koe. De tocht fan ’54 wie der ien mei prachtich moai swart iis. Ik wie dan ek al hiel betiid oan. Goed 18:30. Efternei dy bliken dat ik ek as earste oer de streek gien wie fan de yn totaal 8 startende marineminsken. Dat levere my ûnferwachts noch in ekstra priis op. In folpotlead! Us dochter Baukje past der al jierren op. Yn ’56 hie ik wurk as boerefeint yn Kûbaard, mar dat wie in hiele oare tocht as dy fan twa jier derfoar. Der lei doe in protte sân op it iis omdat hjir en dêr in boer al ploege hie. 22
23 Online Touch Home