Makkum Op in troch de wykse jûn praat ik ôf mei de froulju efter dizze stunt. Ik kom suver by ferneamde minsken oer de flier want it is hast net foar te stellen wer’t harren aksje allegearre ta lieden hat. Se binne by Omrop Fryslân te gast west, it ferhaal hat yntusken yn meardere kranten stien, sy hawwe mear as 2500 hûndert folgers op ynternet, der binne yntusken meardere T-shirts bedrukt, der is in ljippebitter broud, der binne tatoeaazjes setten met de ôfbylding fan ús ljipke. Der is in stripferhaal tekene en as klap op de oerpylk is it nummer dat sy meitsje litten ha, opnommen yn de Fryske top hûndert fan 2023. It stie op nr. 95! Wurklist As ik oansko by de keukentafel krij ik efkes it idee dat ik by in feriening bedarre bin. Der leit in wiere ‘wurklist’ op ’e tafel mei wol tsien punten dy’t sy noch mei-inoar besprekke sille, dizze jûn! It liket hjir wol in bedriuw! Binne wy soms it safolste slachtoffer fan jimme wurden? “Nee, beslist net. It wie wier in spontane aksje. It is eins troch de ljip kommen dat wy in soarte fan feriening wurden binne. Troch de ljip moasten wy sa no en dan wol ôfprate om nije aksjes te betinken. Wy moasten teksten skriuwe, foto’s bewurkje, taktyk besprekke en letter ha wy dus ek T-shirts en tatoeaazjes meitsje litte. Man, wy ha ’t der smoar drok mei hân!” 14 Oktober Nim ús efkes mei nei it ‘plaats delict’ en de jûn fan 14 oktober 2023. Hoe binne jimme te wurk gien? “Geandewei de jûn joech immen ús in tip oer de oanwêzigens fan de ljip, dêr boppe-op de kast mei aaien. Doe hiene wy al reedlik gau it plan om dat bist mei te nimmen. Mar dat wie noch wol in útdaging want fan ús ouweren wie allinnich Harmina lang genôch om der by te kinnen. Sy hat it ljipke doe earst op de râne njonken de kast setten, om te sjen wat der barde soe. Mar der barde hielendal neat. Nimmen spruts har oan. Nimmen like it op te fallen. Dus doe’t it tiid wie om werom nei Makkum ta te gean, hat Harmina de ljip ûnder har jas ferstoppe, dy’t sy oer har earm hingjen hie. Harmina: “By de doar wie it fuortdaliks tige spannend want dêr stie Eddy, dy’t rom tiid naam om fan elkenien ôfskie te nimmen. Hy woe sels mei ús op de foto! Mar hy seach en fielde gelokkich neat en sa binne wy nei hûs ta gien.” 14 dagen stilte It hat dêrnei wol efkes duorre foardat ’DE LJIP FAN ITENS’ aktyf waard op facebook. “Ja, wy tochten lit sy earst mar efkes switte. Wy hiene gjin haast en moasten ek betinke wat wy mei de ljip dwaan soene. It betinken fan ús aksjes en fan de teksten op facebook wie ien fan de moaiste dingen om te dwaan. Wat ha wy der in wille mei hân! Wy binne úteinlik in kear as 2 of 3 op stap west mei de ljip, om foto’s te nimmen. Foaral de earste kear wie tige spannend foar ús, ek omdat wy doe besluten hiene om werom te gean nei Itens. 43
44 Online Touch Home