Wy ha doe û.o. de foto yn it bushokje makke en ek in foto’s by it doarpshûs. Wy seagen oeral minsken by de ruten op stean en tochten dat wy fuortdaliks tsjin de lampe rûn wiene. Mar dat foel efternei gelokkich bot ta. Doe’t wy in stik of wat foto’s en teksten sammele hiene, ha wy in facebookpagina oanmakke. Wy hiene fansels ek minsken nedich dy’t dat ‘like’ moasten, mar moasten der al om tinke dat it yn it begjin net allegearre minsken út Makkum wienen. Oars wiene wy ek fuortdaliks lek west. Yn in wike tiid hiene wy mear as 1000 folgers. Alderraarst hoe fluch as dat gie. Wy sieten yn dy tiid in kear byinoar en seagen dat wy oan de ein fan de jûn wol 300 folgers mear hiene as oan it begjin! Omrop Fryslân Al gau krigen wy reaksjes fan Omrop Fryslân. Sy woene ús graach foar de radio ha… Hartstikke aardich fansels, mar wy sieten der ek wol mei yn ’e mage omdat wysels net foar de mikrofoan koene. Doe hawwe de Omrop de tip jûn de mannen fan it muzykkafee in ynterview ôf te nimmen. Sa koene wysels moai ûnder de radar bliuwe. De minsken fan De Omrop hawwe dat hiel goed oanfield en ús noch útnûge om nei de studio te kommen. Dat ha wy ek dien en sadwaande koene wy dêr ek wer moaie foto meitsje foar ús facebookpagina. Wie is de mol? Wy moatte it njonken de ljip tink ik ek noch efkes ha oer ‘de mol fan Itens’… Kinne wy har noch wol betrouwe of dogge wy der better oan om har yn Makkum ôf te leverjen? “Ja, Sippy. Sy wie ús ynformant. Sy hat it geweldich dien en oan net ien wat ferteld. As ik jimme wie soe ik sunich op har wêze, mar om ús bringe jimme har nei Makkum ta hear! Sokke toppers kinne wy der altyd wol by ha. Sippy foarseach ús fan ynformaasje út Itens en omkriten. Sy tipte ús bygelyks op de slingerjende strepen op ‘e dyk, tusken Itens en Easterein.” Scoop! Wilens ús petear krij ik ek noch in wiere primeur te hearren. In nijtsje dat sy noch oan gjin inkeld oar doarsten te fertellen… “Ja, no it sit sa. Wy binne de ljip sels ek in kear kwyt rekke. No better sein, hy is in kear fan ús ôfstellen! Wy wiene op in feestje en hiene de ljip meinaam om der in pear foto’s te meitsjen. 44
45 Online Touch Home