Fan de redaksje Troch Elisabeth De earste 2 moannen fan it jier hawwe wy alwer achter ús litten en sa stadich oan wurde de dagen wer wat langer. De liderkes* komme boppe en de earste titelroazen* kleurje in bytsje giel. Maart is de foarjiersmoanne en dat it by de minsken yn de Fjouwer doarpen ek brûst is werom te sjen yn dizze doarpskrante. In bomfolle aginda mei aktiviteiten; de toanielferiening komt foar it ljocht mei harren stik, de feestkommisje lit wer fan har hearre, doarpsbelang dielt de plannen en de Swit & Sitrin sil ek dit jier wer plak fine yn ús doarpen. Om koart te gean, genôch te dwaan en te belibjen yn ús Fjouwer doarpen! Dêrneist fertelt doarpsgenoat Thea Metz oer har bedriuwke ‘OersichtÕ, de nije tsjerkeried ferteltstelt har plannenfoar en wy komme mear te witten oer it ferhaal en de minsken fan de Ljip fan Itens. En in needoprop fan de keatsferiening! Adverteerder Dick de Ruiter fan MRW Accounts fertelt oer syn prachtige fak en der is wer in nije advertearder bykaam; Patyna. Wolkom fansels! It ferhaal oer de ferhuzing fan Jan en Nel de Boer lit noch even op har wachtsje, dat hâlde jimme te goed foar it folgjende nûmer yn maaie. Watse hat in petear hân mei de froulju achter ‘de ljip fan ItensÕ, de ferienings dogge ferslach fan alderhande aktiviteiten. En wisten jimme dat Jan Boonstra sr. ‘de hel fan ‘63Õ meimakke hat? En net te ferjitten: De kidsredaksjeÕ fan de Romte hat ek wer har bêst dien. Tankewol foar jim moaie stikjes!. In soad wille dermei, Út namme fan de redaksje, Elisabeth It leave jonkje yn de lêste Diggelfjoer is Harrie Draaijer! En no wer in leaf famke, dy 't tsjinwurdich yn Rien wennet. Wa sjocht wa dit is? 5
6 Online Touch Home