8

Tom Dijkstra Troch Watse De redaksje fan It Diggelfjoer komt ienris yn de twa moannen by-inoar. We besprekke dan de stikjes dy’t we makke ha en meitsje tagelyk plannen foar nije. Ien fan dy plannen wie om Tom Dijkstra, út Itens, ris te befreegjen oer in boek dat hy koartlyn ôfmakke hat. Dêr hiene wy nammentlik in tip oer krigen en sa folle boeke skriuwers binne der fansels net yn ús mienskip. Sadwaande stean ik begjin novimber, sûnder foarôfgeand telefoantsje, by de famylje Dijkstra foar de doar om te hifkjen oft Tom ek meiwurkje wol oan in fraachpetear. Syn frou Anna Marike en dochter Tialda litte my deryn. Mar ienris troch de doar docht my al gau bliken dat ik eins hielendal net op een goed momint kom. Tom leit op in bêd yn de keamer. Hy hat krekt 14 dagen yn it sikehûs lein en is eins nei hûs tastjoerd omdat se dêr yn it sikehûs ek net sa folle mear foar him dwaan kinne. As de situaasje my dúdlik wurdt meitsje ik my hastich út ’e fuotten. Hjir bin ik no net op myn plak. Ik moat noch wol fertelle wat eins it doel fan myn besite wie mar dernei winskje ik harren in protte sterkte ta en set op hûs oan. In pear wike letter wurd ik ûnferwachts belle troch Anna Marike. Sy fertelt dat har man yn tuskentiid wer aardich opknapt is en freget oft ik noch altyd ynteresse ha ta it skriuwen fan in ferhaaltsje. Dat moat fansels altyd wêze en sa stean ik op 15 desimber opnij by Tom en Anna Marike foar de doar. Dit kear sit Tom yn ‘e stoel njonken de krystbeam en kin ik him foar it earst de hân skodzje. “Wêr wolle jo it oer hawwe?” Tom: “Ik ha fan myn frou heard dat jo it oer it boek ha woene dat ik skreaun ha. Mar ik wit net oft dat no sa’n nijsgjirrich ûnderwerp is om oer te lêzen. It boek is in soarte fan persoanlike skiednis en ik ha it skreaun foar myn bern, bernsbern en oare famyljeleden.” ôfbylding fan it boek wat Tom skreaun hat 8

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication