Anna Marike lit my ûnderwilens it boek sjen. It is een tsjok boek op A4 formaat, mei mear as 300 siden. Tom: “It boek is nearne te keap en der binne net mear eksimplaren fan drukt dan dat ik famyljeleden ha. It boek beskriuwt in stikje famylje skiednis fan Anna Marike en mysels, mar ek fan ús âlders. Ik ha der in pear jier oan wurke, mei it idee dat takomstige generaasjes noch wat weromfine kinne oer wat harren foarâlden dwaande hâlden hat.” Hat it boek ek wat te krijen mei jo siikwêzen. Binne it miskien soms ek jo memoires? “No dat wie foarearst net de bedoeling. Want ik wie al begûn te skriuwen rom foardat ik wist dat ik siik wie. Mar myn siikwêzen sil grif wol fan ynfloed west ha op de fierdere ynhâld fan it boek. Yn juny 2022 krige ik te hearren dat ik alfleisklierkanker ha. Dat wie beslist net maklik om oan te hearren. Alfleisklierkanker is in agressive foarm fan kanker en min te behanneljen. Ik krige ek te hearren dat ik net mear better wurde kin en dat myn behanneling allinnich mar rjochte is op ferlinging en op kwaliteit fan libben. Ik bin dêrnei behannele mei gemo-kueren en lokkich sloech dat by my hiel goed oan. Ik knapte der goed fan op en koe de kueren sels ek goed ferneare. Sadwaande haw ik de ôfrûne tiid yndied noch in protte moaie mominten taheakje kinnen oan myn libben. Mar op 9 oktober 2023 waard ik sa min as wat. Ik moast spuie en hie tige hege koarts. Ik skodde der oer. Ik bin nei it sikehûs rekke en ha der goed 14 dagen lein. Doe krige ik ek te hearren dat de kanker nei alle gedachten útsiedde is nei myn lever. Dat ik der no wer sa by sit hat myn behanneljend dokter bot ferwûndere. Hy hie tocht dat ik der al net mear wêze soe. Mar foarlopich bin ik der noch!" No is it sa dat wy inoar eins hielendal net kenne. Ik ha wol in pear dingen oer jo lêzen foardat ik by jo oanbelle mar ik, en ik tink in protte lêzers en doarpsbewenners mei my, sille miskien net daliks witte wa’t Tom Dijkstra krekt is. Tom: “Ik bin in oarlochsbern. Berne yn Eksmoarre yn 1942, mar opgroeid yn Skettens. Myn heit wie boere-arbeider. Op 1 augustus 1945, flak nei de befrijing fan Nederlân, boarte ik tegearre mei myn ien jier jongere suske yn de tún fan ús âlderlik hûs. It wie in saneamde tsjinstwenning. In wenning dy’t eigendom wie fan de boer dêr’t myn heit foar wurke. Om de wenning hinne rûn in grêft. Om de ien of oare reden gie myn mem in pear tellen nei binnen ta. Doe’t sy wer by ús kaam fûn sy myn suske yn it wetter. It wie al te let. Troch it drama woe ús mem dêr graach wei en sa ferhuzen wy nei in oare tsjinstwenning yn Skettens. Dêr ha wy goed 12 jier wenne en dêr binne ek myn jongere broers en susters berne. Geandewei de tiid waarden de eagen fan myn heit hieltyd minder. Sa min sels dat ien fan syn beide eagen derút moast. Mar ek syn oare each wie slim oantaast. It netflues sakke stadichoan nei ûnderen ta. It barde yn in tiid fan tanimmende meganisaasje, dêrtroch wiene der hieltyd minder arbeiders nedich op in pleats. 9
10 Online Touch Home