19

Fan 1929 oant 1962 wenje en libje sy yn de Wetterherberch yn Rien. Jan Spannenburg fertelde earder alris oer it fraaie biljert dat Dooitze en Trijntje yn harren herberch stean hiene. Gré giet nei de iepenbiere skoalle yn Itens en hat in prachtich moaie tiid yn Rien. Se moetet hjir in freondinne foar it libben en letter ek har grutte leafde Guus Jansen. Yn 1955 trouwe Gré en Guus en sette harren ta wenjen yn in wenark yn Snits. Goed trije jier letter ferhúzje sy nei Ljouwert ta. Gré en Guus krije tegearre 4 bern Gré wurdt letter ek beppe en mei ek noch oerbeppe wurde. Sa as dat wol faker giet mei minsken dy’t âlder wurde, sjogge sy graach werom nei it ferline en harren eigen jeugd. Sa ek Gré. Mei it âlder wurden fertelt sy har bern en bernsbern hieltyd faker oer har moaie tiid yn Rien. It Skilderij Yn it hûs fan Gré hinget boppe de bank altyd in skilderij fan it kafee yn Rien. It doek wie earder fan har heit en mem en it is faak de oanlieding foar Gré om har neiteam in ferhaaltsje te fertellen oer eardere tiden. As der nei it ferstjerren fan Gré in rouadvertinsje opsteld wurde moat, beslute har bern it skilderij te brûken as eftergrûn. Troch dy kar kom ik yn april yn kontakt mei harren. As ik útlis dat ik ynteresse ha yn de skiednis fan ’t kafee yn Rien en wolris in stikje skriuw oer wat him eartiids dêr ôfspile hat, komme sy stik foar stik mei deselde reaksje: ‘Wat skande dat wy dit net earder witten ha. Us mem hie dy hiel graach fan alles fertelle wollen’. Mar sa gean dy dingen soms no ienris. Better te let as hielendal net It is fansels spitich dat ik gjin kâns mear ha om Gré te freegjen nei har libben yn de Herberch fan Rien, mar har ferhalen binne mei har ferstjerren net allegearre ferlern gien. Foar in part binne sy trochjûn oan har bern en oan in freondinne fan har, dy’t der gelokkich noch wol is. Tante Jet út Amsterdam. Oer har sil ik in oare kear fertelle. Op 6 april binne de bern fan Gré en Guus (Simon, Dolf, Tineke en Erna) nei Rien ta kommen. Mei tank oan Willem en Alien koene sy foar it earst sûnt harren bernejierren de binnenkant fan it kafee besjen. It plak dêr’t sy al sa’n protte ferhalen oer heard hiene. Boppedat brochten sy foar my njonken de âlde ferhalen ek in ferskaat oan foto’s en papieren út it ferline mei. Om te begjinnen in seldsume foto fan de binnenkant fan it kafee. In foto dy’t oanslút by it eardere ferhaal fan Jan Spannenburg oer it moaie biljert fan Dooitze Smeding. 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication