Fûgelwacht de Fjouwer Doarpen - maaie 2024 Troch Watse Nei ôfrin fan de jiergearkomste fan de fûgelwacht kom ik yn petear mei Jan Hoekstra en Jurjen Eringa fan de fûgelwacht. Jurjen nimt dizze jûn ôfskie as bestjoerslid fan de wacht om’t hy ferhuze is. We sitte gesellich nei oan de bar en tusken de bedriuwen troch betinke wy dat it eins ek heechtiid wurdt om de fûgelwacht ris foar it fuotljocht te bringen, oan de lêzers fan Diggeloer. Want as jo de nijsbrief fan Fûgelwacht ‘De Fjouwer Doarpen’ net krije, kin it ek samar sa wêze dat jo gjin idee ha dat wy hjirre in tige aktive fûgelwacht binnen ús mienskip ha. In pear wiken letter sykje ik de mannen opnij op foar in fraachpetear. Ik tocht sa: yn in relatyf koart skoftke tiid is it bestjoer fan de fûgelwacht neffens my aardich wat betroude gesichten kwyt rekke. Dus miskien moatte wy de hjoeddeistige bestjoersleden dêrom earst mar efkes foarstelle oan de lêzers en dan tagelyk efkes fertelle wat jimme funksje is yn it bestjoer? Dat kin wol! En ien foar ien stekke sy fan wâl. ‘Ik bin Jan Hoekstra en wenje yn Reahûs. Fan jongs ôf oan bin ik al leafhawwer fan de natuer en benammen fan de greidefûgels. Binnen it bestjoer ha ik de rol fan ponghâlder.’ ‘Ik bin Edgar Jansen, ik wenje yn Rien oan de Opslach. Lykas by Jan it gefal is bin ik ek al as lyts jonkje ferslingere rekke oan de fûgels yn it lân. Yn it bestjoer bin ik tegearre mei Sjoerd Stenekes ferantwurdlik foar de neisoarch. Sjoerd docht foaral in soad ildwurk en ik rjochtsje my mear op de administrative kant.’ ‘Ja, no en ik bin Jurjen. Ik ha sûnt koarten dus gjin rol mear binnen de fûgelwacht mar wie de sekretaris fan de feriening. Sûnt koarten binne wy dus ferhuze nei Koudum ta. Dus ik bin njonkelytsen dêr mar lid wurden fan de fûgelwacht.’ 22
23 Online Touch Home