Fakatueres It deistich bestjoer bestiet hjoed-de-dei dus út trije minsken. Sa te hearren misse jimme ek in pear rollen yn it bestjoer. Hawwe jimme soms ferlet fan nije minsken? Jan: ‘Bûten it bestjoer om ha wy in grutte ploech mei trouwe frijwilligers. Dy fiere sawat al it fysike wurk foar ús út. Mar wy sykje yndied wol immen dy’t saken foar ús regelje wol. Tink oan it skriuwen fan stikjes, it meitsjen fan ús nijsbrief, it byhâlden fan ús webside ensafuorthinne. As sa’n persoan dan ek noch fan geselligens hâldt en ûnderwilens by de gearkomsten graach wat slop ouwehoere mei, dan is it hielendal klear. Leafde foar fûgels is fansels ek in moaie bykomstichheid, mar perfoarst net needsaaklik. Nije frijwilligers foar yn it ild binne fansels ek altyd tige wolkom.’ Wat docht de fûgelwacht eins allegearre? Jan: ‘Yn ’e kearn giet it fansels om it beskermjen van fûgels. Eartiids wiene dat allinnich de greidefûgels, mar tsjintwurdich sjogge wy folle breder. Us fûgelwacht is ien fan de pak’m beet 75 fûgelwachten dy’t oansluten binne by it oerkoepeljende Bûn foar Fryske Fûgelwachten (de BFVW). Eltse wacht hat it behear oer in stikje fan Fryslân en past yn dat gea, harren wachtgebiet, op de fûgels. Us fûgelwacht hat ek noch in hiele protte oare aktiviteiten njonken it beskermjen fan greidefûgels. Wy organisearje bygelyks ienris yn it jier in ekskurzje en yn ’t winterskoft klaverjasse wy altyd in kear yn de Lytse Fjouwere. Dêr hâlde wy ek elts jier in gesellige bingojûn. Ungefear 4 kear yn ’t jier krije al ús leden in digitale nijsbrief tastjoerd en dan is der simmerdeis fansels altyd it Rikkersfeest yn Rien, mei in fisk-wedstriid foar de jongerein. Edgar: ‘Jan jonge, do ferjitst ús briedsoarch noch te neamen’. Oan it fytspaad tusken Rien en Lytsewierrum ha wy in prachtige Swellewâl realisearre. Yn alle doarpkes stiet ek in strampel mei einekuorren en dan binne der fansels noch ús fûgelhûskes. Lange Frans hat fan ’t winter hast 100 nije fûgelhûskes makke. Der hingje yntusken safolle dat der suver mear beammen binne mei in hokje as beammen dêr’t net in hokje ynhinget.’ Hoe liket it yn it fjild? Hawwe jimme al earste resultaten? Edgar: ‘No it liket op it earste gesicht net hiel min. Benammen tichtby Reahûs binne in pear hiele moaie hoekjes mei in protte fûgels. Mei in pomp wurdt dêr wetter op it lân brocht en dat soarget der hast altyd foar dat der ek fûgels op ôf komme.” Jan: “Mar it is no noch mar begjin maaie. As dit boekje útkomt, begjin july, kin it wol hiel oars lykje. Yn dy moaie stikjes tichtby Reahûs sit ek fretterij yn de foarm fan in stienmurd. Dus dat is minder goed nijs foar de fûgels.’ 23
24 Online Touch Home