Binne it EasterItensers? Troch Esther Jimme komme hjoed yn de kunde mei wer in hoatjse nije ynwenners fan ús Fjouwer Doarpen. As dochs net? Oan it paad fan Itens nei Reahûs -dat Meilahúzen hjit- stean in tal pleatsen. Foar de earste pleats is it maklik: dizze minksen wenje yn Itens. Mar hoe mear asto it efterlân yn rydst en hoe fierder de toer fan Itens êfter dy bliuwt, hoe mear de twifel ek taslagt by my. Is dit no noch Itens as it dit Reahûs as dit Easterein? En de twifel is net foar niks sa blykt. “De pleatsen dy’t fierder oan it paad lizze, mar noch wol foar it wetter nei Easterein, heare net by Itens, mar by Easterein”, seit Johannes Dijkstra. Johannes Dijkstra en Engelien Reitsma wenje sûnt jannewaris 2023 op de lêste pleats oan de rjochterkant op Meilahúzen. As ik de keamer by harren binnenstap, leit dêr sawol de Doarpskrante fan Easterein as de Diggeloer fan de Fjouwer Doarpen op tafel. Hoe mear dúdlik kin je de twaspalt treffe? Sy wenje op de grins fan Itens mei Easterein. Soest sizze kinne dat dizze minsken wier nije ynwenners binne: Fan EasterItens! “It giet hjir wol faker mis”, seit Johannes. “Oan de oare kant fan it wetter hjit it ek Meilahúzen, de nûmers telle oer de fytsbrêge gewoan troch. Wy binne no. 1, mar oer de brêge sit no. 5, 7, 9 ensaf. Allinne kinne je dêr fanút Itens net mei de auto komme. Dat is fanút hjir allinne te fytsen oer de brêge. D’r moat hjir dan ek faaks in auto keare om ‘oan de oare kant’ te kommen’”, seit Johannes. Engelien: “Dy moatte dan hielendal om, oer Reahûs”. Johannes en Engelien litte my d’r yn en ik tref harren twa soannen Jente (20) en Dytmer (19) ek thús oan. Harren famke Marike (16) is op it stuit yn Easterein by kunde. “Sorry noch hear, foar ús pony!”, begjint Engelien, “it wie fansels net de bedoeling dat hy jim tún trochbarge.” Engelien hat it oer harren pony dy’t op de pleats fan harren skoanmem Anna Marike Dijktra stiet yn Itens. De pony naaide in pear wiken út bij it ôfsadeljen en stode by Anke en Jan Gerben Strikwerda it hiem op. Lokkich gjin ûngelokken en neidat de pony in pear slagen om de pleats fan Anke en Jan Gerben draaft wie, bedaarde hij wer en koe wer it lân yn. Engelien kin fansels de minsken noch net, dus ik antwurde: “Nee, dat wie net by my hear. Ik wenje op Hinnaard. Mar lokkich is alles goed beteard!” Jente skoot ek oan de tafel oan. Jente fertelt dat hy – skriuw mar op - ‘levenswetenschappen’ studeart yn Grins. 31
32 Online Touch Home