Makkum Op 30 april april wie der eartiids altyd autocross yn Makkum. In bysûndere cross mei beste prizen, mar dêr’t omwille fan it spektakel ek de gekste dingen betocht waarden. Bygelyks in brede feart fol mei wetter bylâns de baan, in skâns yn it parkoers en in massastart wêrby’t de lichte auto’s tagelyk mei de swiere auto’s starten. Se ha sels in kear betocht om te riden op in baan yn de foarm fan in 8, sadat de auto’s inoar krústen. It is eins in wûnder dat der yn dy tiid gjin deaden fallen binne. Fokke en Douwe wiene dêr ek altyd fan de partij. Mar by dy cross waard Fokke syn auto ek in kear finaal krom riden. Hy wûn de earste race fan dy dei, mar by de twadde race hie hy de ferkearde fersnelling skeakele en kaam sadwaande hielendal yn ’e ferdrukking telâne. Nei dy klap knapte hy syn auto noch wol wer op, mar hy waard nea wer sa goed as dêrfoar. In skoftke letter hat hy syn bysûndere auto doe fuort dien. In lytse 10 jier ferlyn namen in oantal leafhawwers fan doetiids it beslút om nij libben te blazen yn de eardere swiere klasse. Sy ha doe de ‘âlderwetske stockcar club’ oprichte en in pear âlde crossauto’s fan eartiids opknapt of neimakke om der opnij mei te riden. Net mear om de prizen of om inoar yn de feart te triuwen, mar foar de wille en as demonstraasjesport. Doe krige ek KWEK ûnferwachts samar in twadde libben. Ien fan dizze leafhawwers, Pieter Jonker fan Stiens, naam it beslút om de auto fan Fokke nei te meitsjen. Sa barde it dat der nei jierren fan ôfwêzigens wer in einepyk oer de baan gie yn Makkum en Hallum. Sûnt 1997 wenje iksels ek yn Makkum. In jier letter wie der in jubileum cross en doe ha iksels ek in kear meiriden yn in Fiat Regatta. Ik ha in prachtige dei hân, mar wit ek noch dat ik hiel faak ynhelle bin troch Ronald Morien. Nei in pear rûntsjes seach ik him al yn myn binnenspegel. Ik tocht bliksem dêr hast him al! Noch deselde dei wie der immen dy’t myn auto wol keapje woe en dat ha ik doe ek mar dien. Dan wie ik der ek mar wer fan ôf no. In klaaikeamer diele Ik ha fan jongs ôf oan altyd al leafde foar it toaniel hân. Dat is tink ik al begûn doe’t ik noch yn Itens op skoalle siet. Doe’t ik letter yn Wommels en Makkum wenne siet ik ek altyd by it toaniel. Ik ha yn prachtige stikken spile en it nivo gong geandewei ek omheech. Sa barde it dat ik frege waard om mei te spyljen yn ferskate iepenloftspullen. Ik ha û.o. meispile yn de Himrik, yn Ysbrechtum en Dronryp en ek 2x yn in krystmusical op it Hearrenfean. Dat lêste wie wol hiel bysûnder want ik wie yn dat selskip eins de iennichste amateur spiler. Op de doar fan de klaaikeamer stie myn namme mar ek dy fan Rients Gratema en Aart Staartjes. Dat wie wol hiel bysûnder en moai om mei te meitsjen. Ien fan myn lêste rollen wie dy fan poaier yn de rockopera Tommy, mei muzyk fan The Who. 52
53 Online Touch Home