12

Fan it iene hokje nei it oare… Troch Watse Oant it boekje fan ôfrûne maart hie ik nea tocht dat ik ea nochris in ferhaaltsje skriuwe soe oer in elektrisiteitshokje, mar no binne wy noch mar ien boekje fierder en is it wrachtich, al wer safier! Dit kear is de oanlieding allinnich net in âld leafdesferhaal, mar in telefoantsje fan myn eigen buorman Reinder de Jong. Hy skille my op om te sizzen dat hy de oare deis it nije stroomhokje op it hiem fan de famylje Witteveen oanslute soe. 'Of dat miskien ek in aardich ûnderwerp foar in nij ferhaaltsje wêze soe?' No binne wy as redaksje wiis mei alle tips, mar yn dit gefal moast ik earlik sein al efkes oan it idee wenne. Want wêr moatte je dan oer skriuwe? Mar it is fansels net foar neat dat der in pear dagen lang gjin ferkear mooglik wie tusken Itens en Rien. Ha jimme dêrnei it tidelike stopljocht ek sjoen? Stoplicht op rood, stoplicht op groen, tusken Rien en Itens is altijd wat te doen*. Dus is it fêst nijsgjirrich om der efter te kommen wêr’t al dat ûngemak no krekt foar nedich wie. Sa bedarje ik 21 maart, op it hiem fan Gerard en Froukje. By it oanriden stiet Reinder op ‘e midden fan de Draversdyk yn in djip gat. Allinnich syn holle stekt noch boppe de dyk út. 12

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication