It is in jierliks barren, dêr’t de hiele famylje Wijnia graach tsjûge fan wêze wol en sa komt it dat Douwe en syn broer Marten ek al gau de holle om de hoeke fan de doar stekke. “Ha, Douwe ik hear krekt fan dyn heit dastdo eins in moderne ferzje fan in heareboer bist. Wol it eigendom, mar it wurk en de kosten binne foar dyn lúkse arbeider.” Douwe: “Haha, ja moai no. Wêr fine jo noch sokke feinten?” en hy jout syn ‘arbeider’ efkes in wol fertsjinne skouderklopke. Hein: “It is net sa dat wy allinnich mar de lêsten ha hear. Yn dy 20 jier tiid hat Gerbrich ek al foar in hiele protte ferdivedaasje op it hiem soarge. It komt hast elts jier wol in kear foar dat hjir immen it hiem op fytst dy’t mear witte wol oer dy ko fan ús. Meastentiids is it in ‘âldboer’ dy’t hjir al withoefaak foarby kommen is en him op in bepaald stuit net langer ynhâlde kin en dan it hiem opkomt. “Sit der no bloed fan in Belgyske blauwe yn dy ko of is dat bist gewoan griis fan de âldens?” Soksoarte fan fragen krij ik dan. Ek fotografen stean hjir wol gauris yn de berm. Foarich jier hiene wy ek al in lokale sjoernalist op it hiem en in pear moanne lyn skille de Stichting Behoud Roodbont Fries Vee my noch op mei de fraach: “Is dy ko der noch of sit der soms in flater yn ús administraasje?” Dus ik fertelle dat der neat mis wie mei harren administraasje. No dan woene sy wol graach efkes delkomme om te buorkjen. No best, 2 man sterk fan de stifting hjir te buorkjen. Mar as jo mar 1 ko ha falt der fansels net folle te besjen. Harren konklúzje fûn ik lykwols wol in moaie. “Dit is nochris in duorsume ko”. Mar Gerbrich is in swartbûnte ko. Wat moast de stifting foar readbûnte Fryske kij hjir dan krekt? “No Gerbrich is foar 50 prosint readbûnt. Allinnich har heit IDS wie swartbûnt en omdat dy kleur dominant is wurdt in keal út sa’n kombinaasje altyd swart bûnt. Douwe hat Gerbrich as kealtsje kocht fan Maaike Bouma út Skuzum. Sy en ek har heit Hessel hawwe allinnich mar tradisjonele readbûnte en swartbûnte Fryske kij. Maaike wie ek prinsipieel tsjin it oanbringen fan earmerken. In saneamde ‘earmerk-wegerer’. Dus doe’t wy Gerbrich ophelle ha krigen wy de earmerken der los by. No ik fûn it sûnder dy gekke flappen ek folle moaier dus ik tocht ik lit it moai sa. Mar it duorre net sa hiel lang doe hie ’k de AID op it hiem. ‘Dit koe sa net’ en sadwaande is Gerbrich oan har earbellen kaam. Mar as jo sa âld wurde, ferlieze jo ek wol wer ris in earbeltsje. Yntusken hat it kealtsje fan eartiids, sels 13 kear kealle. Foar elk keal betochten wy wer in oare namme en folgen dêrby it alfabet. Nei Gerbrich kaam Hessel, dêrnei Idsert ensafierder. It lêste keal fan Gerbrich wie Wytske, mar wy ha hjir ek al in pear keallen mei in bysûndere namme yn ‘e stal hân; lykas Napoleon, Makke bolle en Ko 3. 42
43 Online Touch Home