45

Sûnder ús buorlju Kobus en Sijbren wie it ús miskien ek wol net slagge om in ko salang oan te hâlden. Sy stean ús altyd by mei goeie rie en ik helje eltse 2 wike in karre mei lekkere kuil by harren op. Hoe sjocht de takomst der foar Gerbrich út? Op nei de 25 of komt der in dei dat sy dochs nei it slachthûs moat? Nee, Gerbrich hoecht net de slachter! Ik kin my earlik sein ek net foarstelle dat der noch in stikje soppich fleis oan sa’n âlde ko sit. Gerbrich bliuwt moai by ús en mei noch âlder wurde by ús en by har fêste maatsje Black Betty. Black Betty, wa is dat dan? Dat is ien fan ús skiep. Gerbrich hoecht op har leeftiid sels net mear foar de bolle. Mar sy jout my wol in seintsje wannear ús skiep willich binne. Dan sykje sommige skiep hyltiid dy ko op en stean sy somtiden tusken har poaten. Dat gie lang goed, mar op in bepaald momint hie ien skiepke tink ik wat te folle leafde fan Gerbrich hân en lei mei in pear seare poaten yn it lân. Ik tink dat Gerbrich besocht hat om har te bespringen. It skiep yn kwestje is gelokkich aardich bekommen fan de frijpartij, mar moat no ek mar net mear by de raam. Dus Gerbrich en ‘Black Betty’ binne no ta mekoarren feroardiele. Nei bûten ta! Genôch eamele. Heechtiid om nei bûten ta te gean. Gerbrich wit al lang wat der hjoed op it program stiet. In ko mei sa ’n soad libbensûnderfining hat gau yn ‘e gaten watfoar dei it hjoed is. Hein: “Eartiids gie it betiden mâl, dus foar de wissichheid stean no hjir en dêr noch wat stekken, fytsen en túnbanken, dy’t foarkomme moatte dat Gerbrich it paad rjochting it beloofde lân kwytrekket.” Mar eins is dat hielendal net mear nedich. Gerbrich wit nei 20 jier it paad hiel goed en huppelet fan blidens de frijheid temjitte. Sjoch mar op ‘e foarside! De heareboer, de bistedokter, de arbeider, Gerbrich 60 en Black Betty allegeare yn ien shot 45

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication