7

Fan de redaksje Troch Esther Foar jo leit wer in grouwe, dikke Diggelfjoer fol mei nijsgjirrige ferhalen. Dizze kear mei in ferhaal yn it ramt fan 80 jier Frijheid, in tema dat yn dizze tiid in noch gruttere swierte krijt, dan ea. Wat is in it in gelok dat wy yn frijheid libje kinne, reizgje kinne en dat wy skriuwe meie wat we wolle. Ek yn it Diggelfjoer. It is hast net te leauen dat de wrâld yn brân stiet ast troch ús Fjouwer doarpen rinst. Safolle rêst, romte en frijheid. Wat in gelok! Hans is yn de pinne klommen oer de frijheid dy’t hy fielt en wat it betsjut foar him. Watse hat wer in pear moaie eftergrûnferhalen skreaun sa’as allinne hy dat kin. We hoopje dat jimme wer genietsje meie fan ús ferhalen en sjoche út nei de simmer dy’t foar ús leit. Genietjse fan de freiheid! Groetnis út namme fan de redaksje, Esther 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication