Hoe is it mei de histoaryske kommisje? Troch Watse Dat wie in fraach dy’t de redaksjeleden fan it Diggeloer al in skoftke dwaande hâld. Mar hieltyd as wy in baltsje opgoaiden foar in fraachpetear krigen wy te hearren dat de leden der eins noch net sa oan ta wienen… oant begjin dit jier! Doe krige ik samar in app-berjocht mei it boadskip dat wy wol delkomme koene. No dat moast fansels daliks wêze en sa skoot ‘it Diggeloer’ ein jannewaris oan by de frontfrou fan de kommisje; Pietie de Vries. Wa sitte der eins allegearre yn de histoaryske kommisje Pietie? Pietie: “Dat binne Hessel Stegenga, Lucretia van de Brug, Mira Kok en Peter Plantinga. Ast dy nammen efkes yn dy om gean litst, dan sjochst dat alle ouwer doarpen in fertsjintwurdiger yn de kommisje hawwe. Dêr binne wy tige wiis mei. Sels sit ik deryn as oanjager fan út Doarpsbelang. Sa is der ek in ferbining makke tusken it bestjoer fan Doarpsbelang en de kommisje. 8
9 Online Touch Home