9

Miskien ha sommige lêzers efkes in opfrisserke nedich. Hoe is it idee foar de histoaryske kommisje ek alwer ûntstien? Pietie: “Yn 2023 ha´t it doarpsbelang in nije doarpsfyzje ûntwikkele en presintearre. Dy fyzje is in wichtich dokumint foar it doarpsbelang want it jout rjochting oan it belied op de lange termyn. De fyzje is ta stân kommen nei it fieren fan saneamde ´keukentafelpetearen´ yn alle ouwer doarpen. Ut dizze petearen die bliken dat wy de histoarje fan de ouwer doarpkes mear útdrage en fêstlizze moatte. Mei dat doel is dêrnei de histoaryske kommisje oprjochte.” Wat binne jimme plannen? Pietie: Neidat wy kompleet wiene ha wy ynsetten op 2 konkrete doelen en ien algemien oerkoepeljend doel. It foarnaamste is nammentlik dat wy in basis delsette wolle dêr´t oaren aanst wer mei fierder kinne. Dy basis bestiet foaral út ien fan ús beide konkrete doelen, nammentlik in online platfoarm meitsje of útkieze, dêr´t aanst alle digitale stikken oankeppele wurde kinne. Sis mar in online argyf dêr´t alles maklik yn werom te finen is. Wy binnen der efter kommen dat it útsykjen fan sa´n online platfoarm nochal wat tûkelteammen jout. Der binne besteande foarmen lykas it platfoarm fan www.dorpscanon.nl dêr´t ek al ferskate doarpen om ús hinne gebrûk fan meitsje. Mar oan sa´n besteand platfoarm hingje sawol foardielen as betingsten. De site is profesjoneel, wurdt goed ûnderhâlden en jo profitearje fan it feit dat hy goed te finen is, mar tagelyk giet de eigen identiteit fan ús doarpkes wol wat op yn de massa. Mar dat wy in kar meitsje moatte is wol dúdlik, want de eigen site fan it doarpsbelang is yn de hjoeddeistige foarm bygelyks net geskikt. Der kin net in argyffunksje oan keppele wurde. De ynhâld en de mooglikheden binne dêrfoar fiersten te beheind. Wannear moat it earste sichtbere resultaat der wêze? Pietie: “No dat hinget fan in protte saken ôf, mar as it oan ús leit soe it moai wêze as oan it ein fan dit jier it earste ynformaasje boerd der stiet. Dat it nammentlik ek it twadde konkrete doel dêr´t wy as kommisje oan wurkje. Op sa'n boerd moat ynformaasje komme te stean oer in bysûnder plakje binnen ús ouwer doarpkes. Tink bygelyks oan de eardere Sassinga State op Hinnaard.” Wêr kinne de ynwenners en lêzers jimme noch mei helpe? Pietie: “It soe moai wêze as sy moaie stikken oanbiede by ien fan de kommisje leden en sa´t ik al trochskimerje litten ha, sykje wy minsken dy´t it stokje fan ús oernimme wolle en fierder gean mei de basis dy´t wy delsetten ha.” Kinst ta beslút fan ús pertear al fertelle hokker oplossing jimme foar it online platfoarm keazen ha? Pietie: “No, ik soe der wol wat mear oer fertelle kinne, mar dat doch ik noch mar even net. 9

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication