De jongerein fan Rien e.o. anno 1941 – 1946 Troch Watse Al hiel lang ha ik grutte ynteresse foar de twadde wrâldoarloch. Al kin ik net iens sa goed útlizze wat it krekt is wat my sa pakt. It is tink ik in kombinaasje fan saken. Lykas bewûndering foar de opofferings dy’t al dy jonge soldaten, út in lân hjir fier wei, brocht ha om ús te befrijen, de romantyk en heroyk dy’t ferstoppe sit yn de ferhalen, mar ek de ferwûndering oer de grutte tsjinstellingen dy’t doe blykber libben yn de mienskip en de ôfgriis oer de net foar te stellen wreedheden dy’t minsken inoar blykber oandwaan kinne. As ik nei it nijs fan hjoed-de-dei sjoch dan bekrûpt my faak it gefoel dat wy fiersten te min leard ha fan de skiednis. Hiene alle wrâldlieders mar in ferplichte besite brocht oan it earder kamp Auschwitz en in 8 of heger helje moaten foar moderne skiednis, tink ik dan yn mysels. Miskien hiene sy dan wat mear omtinken hân foar mienskiplik belang ynstee fan allinnich harren eigen belang foarop te stellen. Oant safier it drege praatsje oer geopolitike saken. Gau werom nei de skiednis sa’t dy him hjirre, yn ús ouwer doarpkes, ôfspile hat. Hiltsje van de Weide – de Jong wist fan myn ynteresse foar de twadde wrâldoarloch ôf. In skoftlyn stjoerde sy my dêrom in berjocht ta mei de fraach oft ik ek belang hie om in skrift mei oantekenings te lêzen, dy’t ôfkomstich binne fan de jongerein fan Rien en omstreken yn de jierren 1941 oant 1946. Ik wie fuortdaliks tige entûsjast! Jimme moatte witte dat ik earder ek al in stik as wat oarlochsferhalen skreaun ha oer de oarlochsjierren hjir yn de ouwer doarpen en har neiste omjouwing. It skriuwen fan dy stikken frege somtiden in hiele stúdzje. Jo sykje dan eins om stikken dy’t der feitlik net binne en meastentiids ek nea west ha. En no krige ik samar ynienen de kâns om in skrift fol oantekeningen út dy tiid te lêzen! Noch foardat ik it boekwurk yn hannen krige fantasearre ik al oer wat der allegearre yn stean soe. Soene sy bygelyks sprutsen ha oer de befrijingsdagen, wêryn der sketten is by de brêge yn Rien? Of soe der ynformaasje yn stean oer de rol fan doarpsbewenners tidens de oarloch? It swarte boekje Fol ferwachting iepenje ik it boekwurk dat ik fan Hiltsje krigen ha. Sy hie my yn’t foar warskôge dat it hânskrift betiden dreech te lêzen is, mar ik tocht by mysels ‘dat sil my net tsjinhâlde om dizze skatkiste oan ynformaasje ta my te nimmen.’ Ik begûn dêrom fuortdaliks yn ’t boekje te lêzen. It begjin is formeel. Foaryn it boekje stiet dat de feriening oprjochte is op 21 febrewaris 1941 te Rien. It is it ‘Oantekenboek fan de Doarps Jongereinferiening Rien en omkriten’. 12
13 Online Touch Home