13

De bestjoerders en harren rol wurde ek op de earste side fan it boekje neamd. De earste gearkomste is goed trije moanne nei de oprjochting op freed 25 april 1941 yn Rien. Sy sitte dan op de boppeseal fan kafee Smeding yn Rien. Dat is no de wenning fan Willem en Alien, njonken de brêge. Yn de earste gearkomste fan de jongerein wurdt stilstien by in slim ûngemak dat koart derfoar plakhân hat op it iis tichtby Rien. Efkes letter kriget Dieuwke (of Djoke) Jellema it wurd. Sy sprekt dan oer de ferhâlding tusken jonges en famkes en dat je stelle kinne dat dy ferhâlding eins gelyk wêze moat. Sa te lêzen is dizze Dieuwke har tiid aardich foarút. Ek de feriening sels is nei myn miening net al te tradisjoneel ynrjochte foar dy tiid want dizze Dieuwke Jellema is in pear jier letter ek de foarsitster fan de feriening! Rintsje fan der Weide, dy’t by it oprjochtsjen de skriuwer is, stelt de leden foar de kar tusken it hâlden fan in wedstriid ‘priissprekken’ of in wedstriid ‘foar de fûst wei prate’. Al mei al in oar begjin as ik tocht en hope hie, mar wa wit is it begjin wat taai en sprekt it ferslach fan de twadde gearkomste mear ta de ferbylding. Dy gearkomste fynt plak op freed 16 maaie 1941. Yn it ferslach lês ik dat 2 leden (Jan Alberda en Aeltsje Brinksma) ferhuze binne. Fierder wurdt der skreaun oer Tsjerkje Hobma fan Rien, dy’t foardroegen hat oer ‘It Hynsteskelet’. Sa’t skynt in ferhaal oer de tiid fan de Noarmannen, dy’t kening Redbad ferslaan. De jûn wurdt ôfsluten mei it sjongen fan it Fryske folksliet. De fraachtekens boppe myn holle wurde hieltyd grutter. Wêr giet it hinne mei dit boekje? Ek yn it ferslach oer de tredde, irde en fyfde gearkomste lês ik gjin wurd oer de besetting of oer de gefolgen fan de oarloch yn Rien en omkriten. Hichtepunt foar my is miskien noch wol in bydrage fan Thys van der Weide (de heit fan Otte en Douwe). Hy sprekt it selskip ris ta en leit dan it ferskil út tusken in ‘echte’ aaisiker en in ‘minne’. In minnen is neffens him ien dy’t bygelyks ek aaien meinimt yn de ferbeane tiid en fierder ropt hy syn harkers op om foaral goed te hoedzjen op ús greidefûgels. Thys hie blykber doe al yn ’e gaten dat greidefûgels net sûnder hoeders kinne. Mar fierder is it in oanienskeakeling fan ferskes sjonge en foardrage út it wurk fan bekende Fryske skriuwers en dichters. 13

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication