14

D-Day en de befrijing fan Fryslân dan? Op syk nei oare en mear ta myn ferbylding sprekkende ynformaasje begjin ik de ferslaggen hieltyd hastiger troch te lêzen en lês no noch mar in pear stikjes út ien ferslach. Ik moat no ek echt wol tajaan dat Hiltsje net oerdreaun hat doe’t sy tsjin my sei dat it hânskrift dreech te lêzen wie. Foar dy tiid is it grif prachtich sierlik skreaun, mar it kostet my somtiden wol 10 minuten om in pear sinnen te ûntsiferjen en alle kearen as ik der de muoite ta nim bedarje ik lykwols wer yn de ferskes en foardrachten. It makket dat ik hieltyd rapper troch de teksten gean. Ik lês op in bepaald stuit eins allinnich noch stikjes tekst út ferslaggen dy’t wol in lyts bytsje lêsber binne. Omdat de teksten op datum stean beslút iksels mar om troch te blêdzjen oant de ferslaggen dy’t optekene binne rûnom 6 juny 1944, D-Day! Mar ek yn it ferslach fan 31 maaie, 14 juny en 28 juny stiet gjin wurd oer de heroyske lanning yn Normandië of oer de hope dy’t jongerein hjirtroch krigen hat. Op de wurklist stean ferskes út it boekje ‘Fryslân sjongt’ en stikjes út in oar bekend boek, ‘In skraach mei Apels’. Underoan de wurklist stiet sels breidzjen op it program! Breidsje tidens D-Day? Soene sy dan miskien gjin idee hân ha fan de heroyske lânings fan de alliearden? Lykas de measte Russen hjoed-de-dei gjin idee ha fan wat him yn de Oekraïne ôfspilet? Dan mar troch nei it momint dat Fryslân sels befrijd waard. Sa tusken 13 en 18 april 1945 waard Fryslân befrijd troch de Kanadezen, as yn de ferslaggen dy’t rûn dy tiid optekene binne neat bysûnders stiet, dan jou ik de syktocht op. Mar der wurdt, sa te lêzen net folle fergadere yn dy dagen. Soene hja it te drok hân ha mei feest fieren? Yn it ferslach fan 4 july 1945 is te lêzen dat it de earste gearkomste is yn in frij Fryslân. De foarsitter stiet hjir sa te lêzen by stil en neamt de ôfrûne jierren in drege tiid en dêrnei sette sy it Fryske folksliet wer yn. 14

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication