Tiden hawwe tiden - Hannelspost Rien Troch Watse Sommige stikjes skriuwe suver as hast fansels en stean by wize fan sprekken yn in flok en in skeet op papier. Mar it iene stikje is it oare net. Somtiden duorret it ek skoften foardat in idee úteinlik oan it papier tabetroud is. Sa ek mei it idee efter dit skriuwen. Faak is der dan in oanlieding nedich om de boel yn gong te setten. Dy oanlieding kaam der op sneontemoarn 6 septimber. Tillefoan! Op it skermke sjoch ik de namme ‘Jan Spannenburg’ stean. Noch foardat ik opnim, sjit my al troch de holle dat it hast net oars kin of Jan bellet nei oanlieding fan it lêste Diggeloer boekje. Dat boekje is nammentlik in dei earder yn Rien útsutele. Ik nim op. Jan lit der gjin gers oergroeie en makket fuortdaliks de reden fan syn telefoantsje dúdlik. “Ja, Watse. No moast ris efkes harkje. Ik ha hjir it Diggeloer foar my lizzen mei deryn it stikje oer Tjitske de Jong en har winkeltsje. Mar dêr wurdt myn mem ek yn neamd, mar net mei de goede namme no. Dat kin sa net no. Sy stiet der sels yn mei foto en al. Rika Hoekstra stiet der ûnder, mar sa hjit sy hielendal net. Myn mem har namme is Rike Spannenburg – Kooistra blinder!” Dus dat is hjirmei earst efkes rjochtsetten! Jan fertelt dat Tjitske en syn mem yndied hiele goede freondinnen fan inoar wiene. Beide hiene sy in grutte passy foar it toaniel en it kloppet ek dat hja wol wedstriidsjes hâlden oer wa’t bygelyks it earst de wask oan de line hie. Mar it stikje oer it winkeltsje fan Tjitske de Jong set noch in oar idee yn beweging. Jan en ik hawwe al hiel lang it plan om alle eardere middenstanners fan Rien ris in kear te beskriuwen. Want it winkeltsje fan Tjitske stie net op himsels. Sy wie ien fan de safolle ûndernimmers yn it doarpke. Rien wie in wiere hannelspost oan de Frjentsjerterfeart. Wêr begjinne wy Jan? “No by Tjitske har winkel mar tink?” Goed, begjinne wy op dat ein. Hokfoar tiid ha wy it eins oer Jan? “Ik bin fan 1940 en ik beskriuw de situaasje fan doe’t ik lyts wie. It sil sa’n bytsje 1950 west ha. Wy begjinne op de Molmawei 25. Dat is no de pleats fan de famylje Boschma, mar doe buorke Meinte Kingma dêr. It hûs, dat in stik foar de pleats yn it plantsoen stiet (nr. 21) wie doe in dûbelde wenning. Oan de iene kant wenne in arbeider en oan de oare kant wenne Johan Hobma. Dy die nei de oarloch yn’t elektrysk. Hy makke elektryske stekken en reparearre bygelyks radio’s. 27
28 Online Touch Home