28

It hûs op nr. 19 stiet der spitigernôch net mear. It is in pear jier ferlyn ôfbrutsen, mar dêr wenne doetiids Marten en Annie Stilma. Marten wie molkrider. Hy helle mei hynder en wein de molke op by de boeren en brocht dat nei it fabryk ta. Mar hy hie sels ek in stik as wat kij. It wie in komelker of lytsboer sa ‘t sy dat eartiids wol neamden. Fierder meande hy ek noch de dyksbermen en makke hy in hiele protte prachtige einekuorren. Nr. 17 wie it winkeltsje fan Tjitske de Jong - Visser, dat is al beskreaun dus dat slaan wy no mar efkes oer. Nr. 15 wie ek in dûbeld hûs. Oan de iene kant wenne skipper Jan de Vries. Jan wie turfskipper. Simmerdeis wenne hy op syn skip en winterdeis yn it hûske oan de Molmawei. It sa typyske hok, njonken it hûs, wie ek fan him. Fan dêrút hannele hy yn turf en letter ek yn koalen. Ik bin der as lyts mantsje faak hinne stjoerd om turf foar de kachel te heljen. Dêr wer njonken op nr. 11 wenne Hiddinga. Dat wie in foeraazje keapman. Hy hannele yn feekoekjes, feefoer en soksoarte fan guod. Ek by dat hûs stie in hok, dat brûkt waard foar opslach. Nr. 9 en 7 wiene arbeiderswenten. Ik wit noch dat Ynskje doe oan de iene kant wenne en oan de oare kant wenne lytse Kees Dijkstra. Dêr’t Bowe Huisman no wennet (nr. 5) dêr wenne doe Jetse Westra. Dy wurke by it houtsjefabryk yn Easterwierrum, mar hy wie ek de klandestine kapper fan Rien. Sels ha ik ek faak by him yn ’e stoel sitten. Dan binne wy by it kafee. Dat wie doe fan Gooitzen Smeding. Hy wie net allinnich kroechbaas, mar ek noch brêgewipper, meunsternimmer en hearoeder. 28

29 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication