29

In hearoeder wie immen dy’t de temperatuer fan it hea yn de gaten hold. Eartiids binne der hiel wat pleatsen ôfbaarnd troch heabroei. Om soks foar te kommen wiene der hearoeders lykas Smeding nedich. Wy bliuwe noch efkes oan dy kant fan de feart, mar gean dan nei de oare kant fan de dyk. Nr. 6 wie de pleats fan Jochum Hoekstra. Hy wie boer en tagelyk ek kowekeapman. By it wetter del, hielendal oan de ein ta dêr ’t no Ronald en Anna wenje, dat wie doe ek in dûbele wente. Oan de iene kant wenne Job Stilma en oan de oare kant Sake van der Feer. Sake hie in skildersbedriuw en do koest dêr ek te plak om ferve te keapjen. It oare hûs oan dy kant fan it wetter (nr. 2) wie doe fan Folkert Reitsma. Folkert wie de smid fan it doarp. De smidterij siet oan de efterkant fan syn hûs, yn in grut hok. Dat hok stiet der gelokkich noch. It oer brânde dêr eins altyd en der waarden hynders beslein, sier stekken makke ensafuorthinne. Folkert hannele ek yn weinen en letter ek wol yn fytsen. Ik wit dat Fritsma dêr ek wol in boatsje makke hat. Dan stekke wy it wetter oer en begjinne wy oan de kant fan de opslach. It hûs njonken de brêge wie doe ek in dûbeld hûs. Oan de iene kant wenne Wiebe Terpstra en oan de oare kant wenne Hidde Hobma. Wiebe wie leedsizzer.” Wat is in leedsizzer Jan? “In leedsizzer of leedbesizzer wie immen dy’t minne famylje berjochten oerbringt. In doarferklikker waard ek wol sein. As Wiebe oan de doar kaam, dan koe it samar sa wêze dat der wat slims yn de famylje bard wie. Do moast der by betinke dat hast nergens in telefoan wie. Yn it kafee fan Smeding hong der ien en miskien dat der yn Rien noch ien wie mei in telefoan, mar dan hold it wol op.” Hidde, wurke by de gemeente. Hy fage de dyk oan en herstelde de dyk as der gatten yn sieten. Yn syn hûs siet ek in plysjesel. Dêr koe immen yn opsluten wurde foar bygelyks ‘landloperij’. Efter it hûs fan Hidde en Wiebe stie noch in mânsk hok. Sis mar op it plak dêr’t hjoeddeis it swimplak fan Rien is. Dat hok wie de foeraazjehannel fan Tjalke Faber en te hichte fan dat hok lei ek de wenarke fan de famylje Fritsma. Fritsma wie beropsfisker en hie op dat plak ek in tichtset fiskerij. In tichtset is in wize fan fiskjen wêrby nachts de feart tichtsetten wurdt mei ien as mear fûken, sadat alle fisk dy’t yn ’e nacht foarby swimt yn it net bedarret. Pas letter binne de Fritsma’s ferhuze nei in hûs oan de oare kant fan it doarp oan de buorren. Dat kaam ek omdat der op Kromwâl in fêste brêge kaam en de arke fan de Fritsma’s dêrtroch opsletten waard. Op it plak dêr ’t no Douwe en Jeska wenje, dêr stie yn myn jonge jierren it spultsje fan Tsjebe Kamstra. Tsjebe wie komelker en hie in grut apelhôf om syn hûs, wêryn ek altyd in protte hinnen omrûnen. 29

30 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication