Fan de redaksje Bêste lêzers fan Diggelfjoer, De blêden falle fan ’e beammen en de dagen wurde stadichoan koarter – it is dúdlik, de novimber edysje fan ús dorpskrant is wer klear foar jim! Wy binne tige grutsk dat wy dizze moanne wer in krante mei ferhalen, nijs en aktiviteiten foar jim gearstald ha. It begjin fan de feestmoannen leit om ’e hoeke. Sinterklaas komt stadichwei oan, de krystljochtsjes wurde útpakt en de waarme sfear fan de Fjouwer Doarpen wurdt wer goed fielt. Ek dizze novimber steane der wer moaie mominten op ’e aginda, mei as hichtepunt de tradisjonele jierlikse quizjûn. Dizze kear binne de redaksjeleden fan dizze Diggelfjoer de organisator fan in tal fan hooplik drege mar ek geselliche fragen. Ha jo de koppen al byelkoar stutsen om in team te foarmjen? It wurdt fêst wer in spannende en gesellige jûn fol humor en kennis! Spesjaal dizze kear binne dit jier wol hiel bysundere prizen yn de ferlotting. Keapje massaal jim lotten yn de skoft fan de quizjun en stypje dermei de pot fan ús aktifiteitenkommisje FDD. Wy binne altyd tige wiis mei ús adfertearders. Dizze kear wer twa nije adfertearders yn it Diggelfjoer: Sportkafé De Greidhoeke út Easterein en Wolkom Thús (werom fan efkes fuort west). Adfertearders meitsje it foar ús mooglik om in Diggelfjoer foar jim te meitsjen. Tige tank! Wy hoopje dat jim genietsje fan de ferhalen, foto’s en ynformaasje yn dizze edysje. Nim it der mar lekker fan mei in bakje kofje of tee op ’e bank – want Diggelfjoer bringt de Fjouwer Doarpen by jo thús. In soad lêswille tawinske! Groetnis, út namme fan de redaksje, Esther Waar vind je een AED in onze Fjouwer Doarpen? => Sassingawei 1 Hinnaard. Locatie: aan de muur van de woning => Tsjerkebuorren 7A Itens. Locatie: Naast de kleedruimte bij het kaatsveld => Buorren 2 Rien Locatie: Zijkant woning => Buorren 2 Lytsewierrum Locatie: dorpsplein 5
6 Online Touch Home