6

Hoe is it no mei …. Troch Watse Freegje immen hoe oft it mei harren giet en de kâns is grut dat jo in antwurd werom krije dat begjint mei ‘drok…’ It is tink ik hast safier kommen dat minsken harren hjoed-de-dei mear soargen oer jo meitsje as jo antwurdzje dat jo it net hiel drok hawwe. Suver nuver neffens my. Mar foar elkenien dy’t fan miening is dat hja it drok hat, hjir efkes de ‘to do list’ fan de âld ynwenners wêr’t dit stikje oer giet. . Beide hawwe sy sûnt koart in nije baan. Hy wurket no foar in akkountanstkantoar yn 058 en sy hat de oerstap makke fan it primêr ûnderwiis nei it fuortset ûnderwiis en wurket no as learkrêft foar it Bogerman yn Snits. Dan binne sy fansels koartlyn ferhuze. Sy wennen yn ien fan de lytste hûskes fan Rien en wenje no yn in romme wente yn it sintrum fan Koudum. Mar ferhúzje betsjut fansels ek dat der it nedige ferve en ferklost wurde moast. Lykwols dan binne wy der noch altyd net. Ja sels noch lang net! Yn febrewaris 2024 binne sy troud en yn juny 2024 binne hja foar it earst heit en mem wurden fan harren soan Rinze. As ik op besite bin hawwe sy krekt dêrfoar bekend makke dat sy yn april 2026 opnij in lytse poppe ferwachtsje. Gean der mar oan stean en dan te betinken dat it noch gjin ouwer jier lyn is dat sy inoar foar it earst moeten. Tropejierren neamt men dat ek wol, neffens my! Dizze kear is it Diggeloer op besite by Jurjen en Janien Eringa. Nettsjinsteande alle drokte is it meitsjen fan in ôfspraak gelokkich samar klear. Ik sko oan by de keukenstafel en sjoch fuortdaliks dat der it ien en oar feroare is yn it libben fan Jurjen, mei wa’t ik eartiids in protte ynteresses dielde. Ik bin no ynienen yn in hiel oar hûs bedarre, mei foto’s fan lytse Rinze oan de muorre en fansels is ek syn boartersguod net fier fuort. Ik sjoch efkes om my hinne yn it sfearfolle hûs en dan skoot ek Janien oan, dy’t krekt Rinze efkes op bedsje brocht hat. Hy jout him blykber lekker del, want de rest fan de jûn bliuwt it mûsstil op de babyfoan. Janien fertelt dat it hûs al mear as 200 jier âld is en dat it eartiids eins 2 hûzen wiene. Jurjen hat ûndertusken in âlde foto derby pakt en dêrop is goed te sjen dat sawat alle oare hûzen dy’t no yn de strjitte stean doe noch boud wurde moasten. Hoe befalt it yn Koudum? Jurjen: “Ja, ik ha it goed nei’t sin hear. It is hiel oars en folle grutter as Rien, mar ik ha myn draai yntusken aardich fûn”. Foar dy Janien is it tink ik makliker west as foar Jurjen? Janien: “Ja, dat kloppet. Ik bin hjir opgroeid en ha myn matenploech en famylje hjir om my hinne wenjen. Myn suske wennet bygelyks ek hjir yn Koudum. 6

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication