7

Foar Jurjen is dat fansels in oar ferhaal, dy komt fan Kûbaard en hat ek altyd yn dy kontreien wenne”. Doe’t ik hjir oankaam seach ik in krânse oan de muorre hingjen. Wêr hast dy wûn Jurjen? “No, ik ha him hielendal net wûn. Hy is fan Janien. Sy hat dit jier de jierlikse ‘Eringa-famylje-partij’ wûn en sy wie ek fuortdaliks de keninginne. Sjoch, de wikselpriis stiet efter dy. Mar ik bin no wol ek yn Koudum oan it keatsen rekke. Hjir is gjin offisjele keatsferiening, mar hjir wenje wol mear sokke ‘ex-pads’ lykas my, dy’t út de keatshoeke wei nei Koudum ta ferhuze binne. Dus hjir is in ‘wylde feriening’ ûntstien om it samar te sizzen. Op moandeitejûns ha wy hjirre kompetysje keatsen en meastentiids kinne wy dan sa’n trije perken folje. Dus dat is eins net oars as yn Itens. Koartlyn ha wy hjir ek oan it nachtkeatsen west en doe hiene wy 11 partoer op ’e list. Dus dat is ek hielendal net sa min. Ik kin allinnich beslist net wenne oan de bewurdingen dy’t sy hjir brûke. It perk neame sy hjir ‘yn ’t vak’ en as de bal bûten is hawwe sy it hjir oer ‘nêst’. No der kin ik net by. In nêst leit yn it lân mei aaien deryn, mar net op in keatsild.” En ha sy dy al benadere foar in funksje? “Ja no. It keatsen waard hjir al jierren regele troch twa wat âldere mannen dy’t eins al jierren immen sochten om it oan oer de dragen. Dus ik mei mysels yntusken de foarsitter fan it klupke neame. Likegoed bin ik ek noch ‘gewoan’ lid fan de keatsferiening yn Itens hear en trouwens ek fan dy yn Wommels. De gedachte om soks op te sizzen docht my wat sear. Dan is it ek sa definityf no. Troch it keatsen bin ik no ek lid wurden fan de badminton feriening, hjir yn Koudum. Ien fan de leden frege my in kear om mei te gean. Ik tocht prima, dogge wy dat in kear. Eartiids seach ik badminton eins altyd as in soarte fan 'camping aktiviteit', mar yntusken wit ik wol better. Jeetje, wat is dat somtiden yntinsyf. Ik kin my net heuge dat ik ea mei it keatsen sa switten ha!” Dan wiesto yn de ouwer doarpen fansels ek altyd lid fan de fûgelwacht. Sterker noch, wy hiene mei Hein Wynia derby in rayon dêr’t wy op de fûgels pasten. Hoe liket it mei dy hobby? Bist hjir ek al lid wurden fan in fûgelwacht? “Ja, ek dat wie samar klear. Ik koe daliks wol in eigen rayon fan goed 50 bunder krije. Earst hie ik gjin idee wêr’t de fûgels sieten, mar yntusken ha ’k it aardich yn de gaten krigen. It is in moai gebietsje moat ik sizze. Der sit in plas-dras gebiet yn en soks lûkt fansels altyd fûgels oan”. De minsken yn de ouwer doarpen kinne dy tink ik wat minder goed Janien. Wat binne eins dyn hobby’s en ynteresses? “Lykas Jurjen bin ik best wol sportyf, al sis ik it sels. Ik mei graach reedride en sit al hiel lang op fuotbaljen. 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication