8

Ik fuotbalje by de Oerverzwaluwen hjir yn Koudum. No’t ik yn ferwachting bin wurdt it him efkes net, mar oars fuotbalje wy in protte toernoaien fan 7 tsjin 7. Faak dogge der dan yn totaal 5 teams mei oan sa’n toernoai. Hartstikke aardich en gesellich. It binne allegear teams út de omkriten fan Koudum. Sels bin ik best wol fanatyk as it op sporten oankomt. Ik stean it leafst op it middenild. Dan bin ik in soad by it spul belutsen, kin ik lekker drave en alles jaan wat ik yn my ha”. Ik moat it dochs efkes freegje, mar is der miskien ek noch in lyts bytsje langstme nei Rien? Jurjen: “Somtiden wol wat. Wy ha hjir no krekt in wike lang feest hân yn it doarp, mar it is wol hiel wat oars as it doarpsfeest fan de ouwer doarpen. Dêr bewarje ik hiele goeie oantinkens oan. Foaral oan de earste kear, dat wy as ynwenners de ‘Vogeltjesdans’ op de kaai diene. Dat fûn ik geweldich om mei te meitsjen. Ik learde alle ynwenners fan Rien folle better kennen en it soarge foar in geweldich stik ferbining yn it doarp”. En do Janien, do bist hjir hielendal thús fansels, mar hast ek noch waarme oantinkens oan dyn tiid yn de ouwer doarpen. “Jawis wol. Hoe lyts de mienskip ek wie, ik fûn it der op ien of oare manier wol altyd gesellich. No’t ik hjir wer wenje nim ik it altyd op foar Rien as immen hjir út it doarp in wat sneue opmerking makket oer ús eardere wenplakje. As immen bygelyks soks seit as “Rien, wat in gat, dêr wolle jo dea dochs noch net iens lizze”, dan lit ik as echte Koudumse wol efkes hearre dat it dêr hielendal net sa min wenjen wie mei in protte, hiele lytse, mar o sa gesellige feestjes”. Mr en Mrs Eringa Jimme binne tuskentroch ek noch efkes troud ha ’k begrepen. Dat hie ik earlik sein efkes mist. Hoe wie jimme houliksfeest? Janien: “No it begûn eins mei neat, mar wy moasten wol it ien en oar regelje omdat wy Rinze ferwachten. Dat sadwaande hiene wy it der oer. Ik woe eins net in oare efternamme hawwe as myn bern, dat trouwe wie al gau in logyske oplossing. Earst wie it plan om it hiel ienfâldich en lyts te hâlden. Gewoan nei it gemeentehûs ta mei in pear tsjûgen, de hantekening sette en jûns efkes út iten of sa. Mar der kaam hieltyd mear by. Earst dochs mar in ring en doe in moaie jurk ensafierder. Uteinlik ha wy hjir yn it kafee ek noch in moai feestje hân. Us famyljes en bêste maten wiene der allegearre by en wy hiene in leuk bandsje. It wie hartstikke moai!” Ik ha eins noch mar ien fraach wannear sjogge wy jimme wer werom yn de fjouwer doarpen? Jurjen: “No ik kom noch geregeld yn Rien en omkriten hear. Sa ’t dy wol bekend is mei ik krekt as dy ek graach fiskje. Tegearre mei Jesse fan der Weide ha ik ek noch altyd in fiskersboatsje en dy stiet yn Rien by Douwe en Jesca. Dus de kâns is best wol grut dat minsken my nochris mei it boatsje troch de Frjentsjerter feart farren sjogge. 8

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication