In eintsje om mei de froulju fan de ‘Wandelclub FDD’ Troch Esther Allemachtich wat binne we eins fitte en sûne doarpen sa mei elkoar! It is op moandei de jûns 24 april ien en al sportyve drokte yn it doarp as ik freegje oan de rinklup fan de Fjouwer Doarpen as ik ris meirinne kin op harren jûnskuierke dy’t sy moandeis hâlde fanút Itens. D’r wurdt keatst, d’r binne dravers ûnderweis foar de Swit&SitRin en no dus op moandei ek de rinklup. Dat past fansels hielendal yn de nije doarpsfyzje dy’t wy ôfrûne wike te hearen krigen fan doarpsbelang. “No dat kin wol hear”, seit Sippy Wiersma, dy’t de groep út namme fan de aktifiteitenklup FDD elke moandei by elkoar ropt fia in whatsappgroep as de facebookside fan de ouwer doarpen. “Wy starte moandei 24 april wer by it doarphûs. Wolkom!”. Ik stap op de fyts fanút Hinnaard en lit noch krekt wat donkere reinwolken êfter my. Rûn 19:15 oere is it hielendal droech. Sippy sit al te wachten en d’r druppele al gau wat oare rinners ûnder it ôfdak: Immie, Hinke, Agatha en Gretha fan Itens. “Ferwachtsje wy noch oare rinners?” Sippy laket: “D’r binne in pear ôfmeldingen, Jannie en Janny binne fan sûker, dy tinke dat wy noch in bui op de kop krije”. Wy sette útein. “Hoelang binne de stikken dy’t jim rinne?” freegje ik. “No, dat wisselt wat, mar meastentiids sa’n oerke, oardel oarke rinne. It leit ek wat oan de rinners dy’t mei binne. Ik tink sa’n 5-7 km per kear”, seit Sippy. De froulju komme oerien dat se jûn Meilahúzen op en del sille. Se tinke dat it in oerke droech wêze sil en dan kin elts droech oer komme. Ik seach yn myn eachhoeke dat Hinke noch in paraplu by sich hat, dus wa wit wurdt it noch wat langer. We binne Itens noch net út as dêr komt Regina fan Lytsewierrum noch oan fytsen: “Kin ik noch mei?”. “Ja, fansels”, seit Agatha, “set dyn fyts mar by Bertina op it hiem, dêr stiet de fyts wol feilich.” Regina stapt ek mei. Op nei Meilahúzen. De pas sit d’r moai yn, mar ik kin it prima byhâlde. “Hoe lang rinne jim eins al?”, freegje ik. Agatha seit dat de klup al sûnt 2016 á 2017 moandeis kuierje. “Normaalsprutsen binne Corrie en Hiltsje fan Hinnaard d’r ek noch by. En yn it ferline kamen d’r ek wol froulju fan de yogaklub dy’t meirûnen.” Ik: “Noait mannen?”. “Nee, núver no. Dat mei bêst, mar d’r binne noch nea mannen mei west”, seit Agatha. Manlju, froulju, elkenien is wolkom. No’t wy sa’n eintsje fuortkuierje seit Immie dat se eins net sa’n rinner is. “No”, sizze de oare froulju, “wy kinne ek wol wat ôfwikselje en sa no en dan te fytsen hear. Dan rinne en fytse wy om-en-om.” Ik hear it wol, yn dizze klup leit net safolle yn beton en kin it gau oars as dat moat. Underweis krije wy in appke yn de appgroep fan de Fjouwer Doarpen: Fan wa’t de fyts op har hiem is? freget Bertina yn de app. Hy stiet wol keurich op slot, seit se. D’r wurdt hurd lake. Dat is de fyts fan Regina fansels. De kontrôle yn’t doarp is goed en ek de mienksipssin. Sippy antwurdt yn de appgroep dat de fytseigner in rinner is en dat se eefkes har hiem as parkearplak brûkte. 31
32 Online Touch Home