Njonken Sally sels wennen der ferskate jongelju by har yn. Nei wat ik my fertelle litten ha, wiene dat meast jonge minsken dy’t ûnderdak nedich hiene. Meast omdat sy it thús net fine koene of problemen hiene op in oar mêd. Oft it opfangen fan dizze minsken foar Sally in betelle opdracht wie, wit ik net. It kin ek best wêze dat sy, lykas by ma Flodder wol it gefal wie, min of te mear op har paad kamen en dêrnei in skoft by har bleaunen. Dokter belje en gau! Werom nei it hjoeddeiske swimplak oan de Opslach. Dêr stiet no in hok fan Jan Spannenburg, mar eartiids stie der ek al in hok fan him. Jan brûkte dat hok foar de opslach fan strie, hea en oare foeraazje. Op in Aldjiersdei, mits jierren ’70, sa om koetiid hinne, hie Jan ôfpraten om in pear te drinken op it âlde jier. Mar omdat hy ek de soarch foar de noadige bisten hie, makke hy earst noch gau in rûnte lâns syn fee. Sa kaam hy ek by syn hok oan op de Opslach. Hy die de doar iepen yn de ferwachting dêr allinnich in knoarre hea te treffen, mar dêr ynienen lei Sally op de heasouder. Sy wie heal út ’e tiid en sloech wartaal út. Jan wie op slach wer hielendal by sûp en stik en syn each foel al gau op in lege pot mei pillen, dy ’t Sally blykber ynnommen hie. Jan sloech alarm yn it kafee en alle helptroepen waarden optrommele. Tuskentroch efkes wat ynfo foar de mobyltsjes generaasje: Mits jierren 70 is it ûngefear 20 jier foardat it earste minske yn Rien in mobile telefoan yn ’e bûse krige. Fandêr dat Jan net fuortdaliks skilje koe. Nei in kertier fol spanning oer de sûnens fan Sally kaam as earste dokter by it hok oan, op ’e foet folge troch plysje en ambulânse. Sally en de lege pillepot waarden ûndersocht en der waard besletten dat sy mei moast nei it sikehûs om har mage leech te pompen. Wylst Sally ôffierd waard ynformearret Jan by dokter oft it wol goed komme sil mei Sally? Dokter is dúdlik. “Aah Jan jonge, hjir kinst wol in sek fol fan opfrette! Sit der mar net oer yn. Jimme kinne wol oan de buorrel”. Dokter, wa wit miskien ek wol bekend mei Sally, pakte syn tas yn en sette wer ôf. Syn foarsizzing kaam lykwols hielendal út. Noch dyselde jûn rûn Sally wer oer de kaai yn Rien. Kweajonges Sally en de oare ynwenners fan de âlde bakkerij binne om-en-de-by 1985 hinne ferhuze. Net al te lang neidat Sally ferhuze, is sy spitich genôch troch sykte ferstoarn. It hûs yn Rien wie tsjin de tiid dat sy ferhuze swier fertutearze en eins neat mear as in boufal. Yn it dak sieten grutte gatten en as bern boarten wy yn de ruïne dy’t efterlitten wie. Ik wit noch dat ik dêr ek in kear yn west bin en tegearre mei Jan Boonstra jnr in lyts fikkie stookt ha, yn in hoeke tichtby it rútsje dêr’t wy earder iisko’s kochten. Sorry foar de rommel, famylje Weitenberg. Wy sille it (nei hjoed) nea wer dwaan! 39
40 Online Touch Home