8

Wolkom yn Grou De Boargemaster hjit jo wolkom Fan herte wolkom yn Grou. Dit doarp, yn it hert fan Fryslân stiet bekend om de wiidweidige wettersportmooglikheden, it simmerske skûtsjesilen en de drokbesochte sylkampen. Yn en om Grou is genôch te belibjen! As jo it doarp besykje fine jo in soad gesellichheid mei winkels en hoareka. Grou leit oan it wetter fan de populêre Pikmar. Net folle fierderop leit it Nasjonaal Park de Alde Feanen. Jo kinne dêr kuierje, fytse en farre. Ek wurde der moaie ekskurzjes oanbean. De titel ‘Nasjonaal Park’ jout oan hoe wichtich dit 2500 bunder grutte gebiet is foar bisten en planten. Grou leit sintraal yn Fryslân en is dus in ideale útfalsbasis om de alve stêden te besykjen. Bygelyks om de alve fonteinen dy ‘t yn de stêden kletterje, nevelje, spuitsje of buorrelje te besjen. Dizze fonteinen meitsje diel út fan in ynternasjonaal keunstprojekt, dat pleatst is yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd fan Europa. Histoarje fan Grou Grou is yn de iere midsiuwen lykas safolle Fryske doarpen ûntstien op in terp. It doarp wie yn earste ynstânsje rjochte op de lânbou. It rjochte him fan de 15e iuw ôf hieltyd mear op de hannel en skipfeart. It doarp groeide dêrtroch flink. Yn de 19e iuw naam it belang fan de skipfeart ôf, mar dat waard goed opfongen troch de komst fan goede ferbiningen oer diken en it spoar. Yn de rin fan de 20e iuw rjochte it doarp him hieltyd mear op de wettersport en it toerisme. Yntusken telt Grou hast seistûzen ynwenners en is it in doarp dat fan de moanne maaie ôf de wettersport wer folslein omearmet. Ik winskje jo yn en om Grou in hearlik foarjier en in simmer sûnder ein ta. Genietsje fan de wide fiergesichten en alles wat Fryslân jo te bieden hat. Sybrand van Haersma Buma Boargemaster gemeente Ljouwert 06

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication