24

24 Mandeguod In nijsgjirrige hobby Yn dizze nije rubryk komt eltse moanne in ynwenner oan it wurd dy’t in opfallende of bysûndere hobby hat. Fansels sjogge en freegje wy omraak om ús hinne, mar wy litte ús graach tippe. Yn dizze earste rubryk komt Baukje de Vries oan it wurd. Sy wennet yn it uterste puntsje fan Mantgum, nl. yn it Mantgumer Húske by de Swette. Baukje is in echte Friezinne en dêrom de fragen dizze kear yn it Frysk. Wa bisto? Myn namme is Baukje de Vries. Hoe lang wennest al yn Mantgum? Ik wenje sûnt 2004 yn it Mantgumerhúske, dus dik 17 jier. Wat dochst yn dyn frije tiid? Neist dat ik graach lês, piel ik wat mei de bisten om (in hûn, 2 katten, 6 hinnen, in hoanne en 15 dowen) en fansels is myn grutste hobby de pottebakkerij. Is pottebakken in djoere hobby of fertsjinnest der wat mei? Tsja, wat is in djoere hobby? Bepaalde grûnstoffen binne wol djoer. En it bakken ek fansels, want de oven nimt nochal wat stroom. Mar ik ferkeapje sa no en dan ek wol wat. Dus ik kin de kosten der wol úthelje. Wat makkest en ferkeapest dan allegear? Oer it algemien meitsje ik gebrûksdingen, bygelyks bekers, skalen, gebakspantsjes ensfh. Mar ik meitsje ek wol op bestelling, lykas bertebekers of bertepantsjes ensfh. Wat is der sa moai oan it bakken fan potten en oare saken? It is hiel leuk om mei de hannen dwaande te wêzen en fan in klompe klaai wat te meitsjen. As ik wat foar oaren makke ha, fyn ik it geweldich om dan te sjen hoe bliid as se der mei binne. Ek fyn ik it hiel leuk om workshops te jaan. Koartlyn ha ik yn de Wjukken noch twa kear in workshop jûn oan in groep froulju fan alle leeftiden.

25 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication