36

36 Mandeguod Fijnste treinstation Begjin dit jier waard it Mantgumer stasjon útroppen ta moaiste stasjon! Geweldich! Allinne: stasjon? Wêr is dat stasjon? Wêr is dat moaie gebou, mei in hal, in loket, in wachtkeamer, in húske, in wenning foar de stasjonssjef? Wêr prate wy eigenliks oer? In keal perron mei twa glêzen hokjes sûnder ferwaarming, in automaat foar de kaartsjes, twa peallen om jins OV-kaart yn it foarbyrinnen tsjinoan te hâlden, in fytsestalling en in parkearplak foar in pear auto’s, koartsein: stasjon Mantgum. Wat hjir no krekt “fijn” oan is wit ik net, it siicht altiten op it perron en as it reint kinst amper drûch sitte. En ast dêr wachtest, sit der altiten wol in puber mei earkes yn wat te scrollen op syn Iphone en seit boe noch ba. Ast dan de foto sjochtst fan wat der stié, foar 1973, dan tinkst pas ècht: ”Gôh, wat in gesellich stasjon!”. Boud yn 1882, as “Standaardtype Loppersum”, yn dy smûke boustyl dy’t doe moade wie, mei moaie details as blokjes boppe de ruten en panieldoarren, siz mar it type datst ek meitsje koest mei dy houten blokkedoaze dy’t by pake en beppe yn ’e kast stie, mei boochjes, pilaarkes en brune of reade blokjes, populêr foar de oarloch en letter noch wolris op rommelmerken te finen. Yn sokke stasjons wie faak in wachtkeamer dêr’t it folk fan alle standen njonkeninoar siet te wachtsjen, sûnder earkes yn en sûnder byldskermke yn’e hân en dus moasten se harren dan fermeitsje mei elkoar en waarden der sterke stikken ferteld. Se koene der gjin kofje krije, dêrfoar moast men nei it “Stasjonskofjehûs”, flakby, oan ’e dyk fan it stasjon nei it doarp. Elk doarp mei in stasjon hie wol sa’n kofjehûs, mei in erker om yn te sitten. Us pake Liuwe die om 1920 in foardracht fan master Wielsma út Grou, “It stasjon fan Wilsterhuzen”, skreaun yn 1906, wêryn’t de wachtkeamer fan it stasjon it moetingsplak wie foar allerhande nuvere

37 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication