4

4 Mandeguod Fol goeie moed en mei entûsjasme begjint de Mandeguod-redaksje oan it nije jier en we hoopje dat we wer moaie artikels oer en foar de Mantgumers optekenje kinne. As redaksje binne we der ek tige wiis mei dat we fersterking krigen ha fan Femke en Boris. Hja wenje noch net sa lang yn Mantgum, en dêrom stelle se harren yn dizze Mandeguod efkes foar. We ha harren – ja, online, dat wol – hertlik wolkom hiten yn ús oerlis mids desimber. Boppedat hat Liuwe van der Meer tasein dat we syn ferhalen ek brûke meie foar Mandeguod. Liuwe hat in brede ynteresse op allerhande mêd, en hy hat der nocht oan om saken kritysk te besjen en te beskriuwen. Dizze ferhalen ha earder faak al op facebook stien, mar wy fine se te moai om nèt yn Mandeguod op te nimmen. It earste ferhaal dat we opnimme is Liuwe syn beskôging oer it stasjonsgebou dat eartiids it Mantgumer stasjon sierde. De trein en it stasjon ha fansels troch de desennia hinne wol deeglik in stimpel drukt op ús doarp. Jou mar ta: asto nei ± 1975 yn Mantgum kommen bist te wenjen, dan hat ien fan dyn beweechredenen om krekt nei dìt doarp te ferhúzjen faaks wol it treinstasjon west. Wier of net wier? As Skillaerder famke út 1950 bin ik fansels op in oare wize mei de trein opgroeid: se rieden om it hurtsje achter ús pleats lâns, mar koest nea ynstappe. We leine sa no en dan in sint op ‘e rails: as de trein der dan oer hinne ried, hiest in ‘stoer’. Of we sochten ‘fjoerstiennen’ tusken de rails wei en sieten dy letter ûnder de tafel (om it in bytsje tsjuster te krijen) tsjin inoar oan te slaan om te sjen oft der ek fjoer út spatte. Meastal net fansels. Mar soms, as it winter wie, koene we ek ris mei de trein: mei ús mem gongen we dan op redens nei it Mantgumer húske, en dan foar de wyn (it moat al te dwaan wêze mei dy lytse bern) de Swette del nei Snits, in drabbelkoek yn it Snitser stasjonsgebou en dan mei de trein nei Ljouwert – foarby Skillaerd en Mantgum – en dan út Ljouwert wei wer op redens nei de Swette en it Mantgumer húske foar de weromreis nei hûs. Prakkesaasjes fan de redaksje

5 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication