40

40 Mandeguod Spulwike 50 jier: stjoer dyn bydrage yn foar it Spulwikejubileumboek! Wat yn de simmer fan 1972 op in fjildsje yn Jorwert begûn as wike mei aktiviteiten en spultsjes foar bern fan âlders dy’t gjin fakânsje betelje koene, bestiet hast fyftich jier letter, nei twa gemeentlike weryndielings (yn 1984 en yn 2018) noch hieltyd, en is útgroeid ta in wike dêr’t alle jierren sa’n 650 bern oan meidogge. Mei “basiskampeminten” yn de doarpen Easterwierrum, Easterlittens en Weidum, en aktiviteiten yn de doarpen dêr om hinne, yn wat oant 2018 de gemeente Littenseradiel wie. Yn dy fyftich jier is der in soad feroare, mar wat altyd itselde bleaun is, is de wille dy’t de bern en de lieding fan de Spulwike mei elkoar belibje. Oare jier, yn 2022, bestiet de Spulwike 50 jier! Wy witte fansels net hoe’t it komt mei de koroanapandemy, mar sa’n jubileum meie jo hoe dan ek net ûngemurken foarby gean litte fansels; sa’n jubileum fertsjinnet in moai jubileumboek! Dêr wurdt oan wurke troch in einredaksje, besteande

41 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication