De Mienskip Mantgum It hat lêst oktober 1999 west doe´t de feestlike iepening fan it nije doarpshûs wie. Dat is no goed 15 jier lyn. It ferhaal hoe´t de Wjukken troch mienskip ta stân kommen is, sil ik prebearje út te lizzen. Dêrfoar gean ik nochal wat jierren werom yn ´e tiid sûnder eksakte data te neamen. Om 1960 hinne doe´t it sportfjild noch lei foar de ruten fan it timmerbedriuw fan de Groot, letter Adema en noch krekt lyn Klaversma, no gjin timmerbedriuw mear. Doe is der in houten hokje boud fan 5 x 8 meter mei in rûge betonflier. Der koene kuorren en sitbanken yn opburgen wurde fan kuorbalklup W.T.E.F. en kleatsklup Jacob Klaver. Foar it ¨hokje¨ (ûnthâld de namme) stie in fêste sitbank. Dat alles makke en delset troch in ploechje frijwilligers yn mienskip. Yn de santiger jierren waard der in nije skoalle boud. De no leechsteande legere skoalle waard ferboud troch frijwilligers út Mantgum yn mienskip ¨de Wjuk¨. Stifting Freed dy´t de jeugd plak joech en oare doarpsaktiviteiten sa as frouweferiening, jeugdklub, fergaderingen, sjonge en noch mear, draaide op frijwilligers. Om 1975 hinne waard it sportfjild útwreide, it stik fjild ¨de folkstunen¨ waard by it sportfjild lutsen. Beammen der omhinne, in drainage en klear wie it, mar noch net folslein. It ¨hokje¨ hinge skeef en de planken ferrotten, der moast wol wat barre. Keats- en kuorbalklup stutsen de koppen byelkoar en der moast in nij ¨hokje¨ boud wurde oan de noardkant fan it nije sportfjild. Klupminsken en oare doarpsgenoaten meldden har oan en it hiele doarp die mei: yn mienskip! It kaam klear, subsydzje fan de gemeente en provinsje, in tekening en bouwe! Twa klaai-keamers mei dûsen, in skiedsrjochtershokje, berging, w.c. en in kantine great 7 x 14 meter: klear. Namme? It hokje!. Iepening yn 1979. Yn it âlde doarpskafee fan fam. Jellema giene de saken syn gong al wie der ek yn al dy jierren net in folsein bestean yn te krijen. De soas, de biljertklup, fergaderingen, toanielútfierings en oefenjûnen, plattelânsfroulju en oerdei wat losse kaartspilers faak fjouwer man oan ´e rûne tafel yn ´e hoeke deun by de kachel. Nei Jellema kaam Hartmans, ek dy hie in bybaan as postrinner. Hartmans 8 Mandeguod februari 2015
11 Online Touch Home