Doarpsgenoaten, De Doarpsfisy Mantgum 2015-2020 is op alle adressen yn Mantgum yn de brievebus kaam. Op 15 desimber ha wy as bestjoer fan Doarpsmienskip Mantgum dit dokumint oanbean oan boargemaster Liemburg fan ús gemeente. Mei it oanbieden fan de doarpsfisy is de klus net klear fansels. Wy sjogge wol mei nocht werom op krapoan twa jier kreatyf gearwurkjen mei in protte doarpsgenoaten. Dizze kreativiteit fan út it doarp sille wy faker in berop op dwaan. Oer de ynfolling fan de algemiene ledefergadering wurdt jimme input of miening frege, sa stiet yn dizze Mandeguod te lêzen. Ek foar de ynfolling fan de saneamde “60-plus jûn” sille wy takom jier jimme freegje om mei te tinken. Wy binne nijsgjirrich wat it opsmite sil. Krekt foar Sinteklaas binne der yn it winkel sintrum in soad parkearplakken by kommen. Moai dat der no mear parkear romte is. Oant healwei it jier hiene wy noch in sprankje hoop om in plein oan de Dobbe te krijen. Mar it is no dúdlik dat dit plein der net komt. Oer net al te lange tiid wurdt ek it tal parkearplakken by it stasjon flink útwreide. It hat wat duorre mar it paad fan ôf it heech hout by Hoxwier nei it spoar leit dr no kreas by. It beton is hurd en elk kin no in moai rûntsje om it doarp rinne. Tegearre mei de MR fan de Gielguorde is it bestjoer fan DMS mei de gemeente yn petear om te besjen of der mooglikheden binne om in fuotbal- of panna fjildsje by de skoalle oan te lizzen. By in panna-koai soene de stekken te heech wurde mar mei stekken fan heech út ien meter of in knappe hage kinne wy miskien ek wol wat moais meitsje. Wy sille ús bêst dwaan om jimme dit jier sa no en dan wer yn Mandeguod by te praten oer wer ’t wy mei dwaande west ha. Anne Muller foarsitter Doarpsmienskip Mantgum februari 2015 Mandeguod 7
10 Online Touch Home