47

maart 2022 47 In nijsgjirrige hobby Tekst : Lys Scarse, foto’s: Bob de Boer Yn dizze edysje fan ‘In nijsgjirrige hobby’ in echte Mantgumer: Wieke de Haan. Neist dat Wieke in soad passy hat foar alles wat mei Fryske taal en kultuer te krijen hat, is se yn har frije tiid in protte te finen yn ’e keuken. Hoelang wennest al yn Mantgum? Myn namme is Wieke de Haan, bin 62 jier, en ik wenje al de helte dêrfan yn Mantgum op de Gibbeflecht. Wat kinst fertelle oer dyn itensiederskeunsten? Neist dat ik graach iten sied, ha ik trije boeken skreaun. ‘De Fryske Petiele en wat der op en yn leit’, dêrnei kaam ‘De nije petiele’, in basis-itensiedersboek mei in bylage mei resepten foar spesjale gelegenheden. Doe folge ‘Yt lekker’, in itensiedersboekje foar bern. Ik meitsje faak fisk, brûk in soad fruit en griente, nuten en ek fan restjes iten dy’t oer binne wit ik faaks wol wer wat lekkers te meitsjen. Fierders fyn ik de friezer hiel handich, want as ik iten klearmeitsje, meitsje ik meastal meardere poarsjes, sadat ik op in oar momint sa wat pakke kin. Geregeldwei meitsje ik sop, sawol fan grienten as fan fruchten simmerdeis. Ik mei ek graach bakke, soks fries ik dan ek foar in part yn, dat as der dan ien komt dan haw ik altyd in lekker baksel foar ’t gripen. Sûnt twa jier yt ik fegetarysk, mei tuskentroch in stikje fisk, dus dan bist in pescotariër? Ek sykje ik elk jier op Skylge cranberrys. Dy ferwurkje ik ta kompôte; moai etiketsje op de potsjes en dan mar útdiele of ruilhannelje. De lêste pear jier krij ik ek wol cranberrys fan Klaas en Sien (Mantgumers) fan ’t Amelân. Op Instagram (@freule_mantgum) binne de menu’s te besjen fan wat Wieke op ’t stuit siedt, bakt en betinkt. De oven is in goede freondin, dy ha →

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication