48 Mandeguod ik hast alle dagen oan. Ik mei ek hiel graach ruilhannelje, dus as jo ris fruit, in miel iten of moaie jampotsjes oer ha dan ruilje ik dat graach foar wat oars. Op it stuit organisearret Wieke, tegearre mei har nije partner Bob de Boer fan Koarnjum, ‘muzikale iterijen’. Bob draait muzyk, lit foto’s en klips sjen en fertelt nijsgjirrige saken oer muzyk. Ik presintearje dêr dan ‘tapas’ (lytse hapkes) by, troch my ek wol ‘mûzehapkes’ neamd. Freondinne en doarpsgenoat Jorinde van Hulzen helpt yn maart by it kokkereljen en útservearjen. En de spesjale klean dy’t wy dan oan ha binne ûntwurpen en makke troch freondinne en doarpsgenoat Dukke Miedema. Dus jimme lêze it: in grutte Mantgumer ynbring dêr yn Koarnjum. Hoe faak bist mei itensieden dwaande? Alle dagen. Wat fynt de rest fan dyn gesin fan dyn itensiederskeunsten? Dy fine it fijn as se sels in kear frij fan itensieden binne en sjogge benammen nei de neigesetsjes út. Wat is it meast bysûndere of lekkere datst makke hast? It meast bysûndere is dat ik in kear by in literêre kuiertocht yn Boksum oer it boek ‘De sûnde fan Haitze Holwerda’ foar 100 minsken iten sean haw mei gerjochten út it boek, lykas brulloftsmiel en rezyntsjebrij. Dukke hat my doe holpen, oars hie’k dat net op ‘e tiid foarinoar krige. En fansels itensiede foar ‘Tusken tsjerke en kroech’: foar 100 of 150 minsken de neigesetsjes klearmakke.
49 Online Touch Home