49

maart 2022 49 Ien kear hie’k dat hielendal allinne dien, mar letter ek mei help fan Jorinde, en dan giet it allegear wol sa flot en it is fansels ek folle geselliger. Hast altyd al passy hân foar itensieden? As lyts famke makke ik al ‘fruithapkes’ fan in Ligakoek, in sinesapel en in apel of banaan. En op ‘e legere skoalle giene wy op in kear mei de klasse te toarnbeisykjen en dan mochten wy de oare deis in stikje bôle meinimme en dan krigen wy dêr toarnbeijam op. ‘Ite fan wat it lân opjout’. Hast noch winsken of eat datst noch wolris dwaan of meitsje wolle soest? In bruidstaart foar ús dochters, taarten by in bûtendoarkonsert yn Koarnjum en tsja as traiteur oan it wurk yn de ruilhannelsfear, dus mei sletten beurs wat foar in oar dwaan dy’t dan in tsjinst ferlient dêr’t hy of sy goed yn is. Yn wêzen is ‘Mantgum foar inoar’ dêr al in hiel goed foarbyld fan en ek de doarpskeamer fyn ik in geweldich moai inisjatyf, dêr rint Mantgum wol mei foarop. Wolst fierder noch wat kwyt? Dy’t it moai taliket om mear fan myn skriuwaventoeren te hearren, dy kin ticht by hûs op freed 22 april de moarns yn ‘e doarpskeamer yn De Wjukken oanskowe. Dan lês ik as ‘Freule Mantgum’ ferhalen foar en fertel oer de skriuwerij.

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication