50

50 Mandeguod In goeie tarieding is it heale wurk Update Plan Boppeslach Wat ha we der sin oan om de skeppe yn ‘e grûn te setten. No’t de measte regelsaken yn de lêste fase sitte, binne we hast ta oan de útfiering. By dizzen nimme wy jim graach efkes mei yn de stân fan saken. NL Doet Op sneon 12 maart giet Mantgum los! It Oranje Fonds organisearret jierliks NL Doet: de grutste frijwilligersaksje fan hiel Nederlân. Ferskillende ferieningen út Mantgum ha har oanmelden by it Oranje Fonds om oan de gong te gean mei de trochstekjes yn de boskjes om it sportfjild en om meubilêr te meitsjen foar op it nije terras. Wolle jim helpe mei snoeien, banken timmerje of kessens naaie? Meld jim gau oan op boppeslach@wjukken.nl. Wy nimme dan kontakt mei jim op!

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication