56 Mandeguod Fleane Op 17 desimber 1903 fleach Orville Wright as earste minske yn in fleanmasine swierder as lucht en oandreaun troch in mei syn broer makke motor fan 12 PK, like folle as hjoed de dei yn in gersmeaner sit. Omdat de bruorren ek it meitsjen fan foto’s op glêsplaten as leafhawwerij hiene, hawwe se tusken 1899 en 1908 in protte fan harren proeven op foto fêstlein. Op dy winerige dei fan ‘e 17de desimber hiene se tost wa’t de earste flucht meitsje soe en de eare foel ta oan Orville. Yn swart pak en mei de pet op lei er yn it fleantúch. Op it wide strân fan Kitty Hawk waaide it fûl dy deis. It fleintúch hie gjin tsjillen, it lei op in soarte fan ûnderstel mei tsjiltsjes en it gehiel lei op in tritich meter lange rail, dy lêste koene se tsjin de wyn yndraaie. Om it fleantúch net op syn kant falle te litten sieten ûnder de úteinen fan ‘e fleugels houten bankjes, oan elke kant ien. En doe’t Orville oan syn broer it sein jûn hie fan “Los!” draafde Wilbur njonken it foarútgliidzjende fleantúch mei, oant it momint dat it fleantúch ek ècht loskaam. Op dat stuit drukte in befreone buorman dy’t faak meigie, op de sluter fan ‘e kamera: fan dy earste flucht hawwe wy dus in foto! Wilbur sjocht de masine nei en jo sjogge ek noch it rjochter krukje wêr’t de masine op rêsten hie. It tastel kaam net fier: 36 meter. Mar se lutsen de masine wer nei it begjin fan ‘e rail en no mocht Wilbur it besykje, Wrightfleantúch dy flucht gie al wat fierder. Nei in fjirde flucht fan wol 350 meter krige de wyn fet op it tastel, it sloech fûl tsjin de grûn en rekke oan ‘e foarkant beskadige. Se hawwe noait wer mei it tastel flein, se bouden in nijenien en it earste tastel bewarren se. It hinget hjoed de dei yn it Smithsonian yn Washington DC. Fansels hearde men yn Europa ek wol fan ‘e fluchten fan ‘e bruorren Wright, mar in protte minsken leauden neat fan ‘e ferhalen, oant se yn 1908 nei Europa kamen en dêr alle hjir wenjende pioniers de eagen útstutsen op in fleanfeest by Reims yn Frankryk: se koene wol oardel oere yn ‘e loft bliuwe!
57 Online Touch Home