57

maart 2022 57 Hanso yn it koetshûs Grif hat dy dokterssoan út Weidum der oer lêzen, Hanso Schotanus à Steringa Idzerda, berne yn 1885 yn Weidum. Hy krige ferkearing mei in dochter fan ‘e dûmny yn Mantgum en fan har heit krige er tastimming om yn it koetshûs in model fan in fleanmasine te meitsjen, fan bamboestokjes en linnen. Yn ‘e hjerst fan 1908 moat er der oan begûn wêze, hy sil syn inspiraasje wol opdien hawwe út tiidskriften wêr’t foto’s yn stiene fan de gekke ûntwerpen wêrmei men yn dy tiid besocht te fleanen. Let wol: yn Nederlân hie doe noch nimmen flein. Der is in foto bewarre fan dit fleantúch mei Hanso derby, yn it koetshûs. Fan ‘e oandriuwing witte wy neat. Lytse motorkes wiene der noch net en in stoommasine wie te swier. De ienige mooglikheid moat west hawwe in lang stik elastyk dat mei in propellor ferbûn wie en datst opdraaie kinst: dan komt der aardich wat enerzjy frij! En sa belibbe Hanso op 14 jannewaris 1909 syn eigen Wright-momint. Op dy dei gong er mei dat grutte model de Mantgumer buorren út nei in stik lân bûten de kom. Yn it doarp wie der al oer praten, der wiene hiel wat jonges en manlju dy’t dizze proef ek wol graach sjen woene. Se sille mei him mei rûn wêze. Immen hie in kamera meinommen, grif ien út ‘e famylje fan ‘e dûmny of fan ‘e dokter, dy koe in →

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication