76 Mandeguod D Wrafke: de nachtmerje fan Afke ‘Och leave, dreamsto al fan dy hetsige wâldrikel?’, en wylst tyske hy my oer myn lyfke. Ferheard skrok ik wekker en seach út myn koer wei Baas rjocht yn ‘e eagen. ‘Of gie it dochs wer oer haskes?’, liet hy derop folgje. No nee, hy moast ris witte hokker nachtmerje ik hie! Hyltyd wer oer dat spul begjinne, blaf my der net fan! Fan ‘e middei noch. Baas liet my oer de dyk út en yn ‘t lân fan de buorman fleagen twa hazzen efter elkoar oan en dat draaide út op joeien. ‘No moatst efkes goed sjen, Afke!’, siet Baas my op te stoken. No haw ik altyd niget oan dy hurddravers, mar sok ôfwaaid praat hie ik net fan him ferwachte! Hawar, ik bin al twa wike sa loopsk as in teef, mar dêr rin ik absolút net mei te keap. Ik floei fansels, mar dat is lykwols hiel behindich. Boppedat behimmelje ik mysels goed mei de beklape sadat se mar amper wat yn ‘e hûs fine. Dochs wiene Frou en Baas der wol gâns op fiksearre. Sy wolle stomme graach pupkes by my. No haw ik my sels ek wolris utere oer ‘pykjes’ te prakkesearjen, mar ‘k seach noch wol wat apen en bearen op it paad dêrhinne. Hoe yn de goedichheid moat soks? No, dy lêste nachtmerje hat my wol goed út myn ‘dream’ weihelle... Frou en Baas hiene al hiel wat mei my útheefd. Hja hiene my yn allerhande bochten ûnder in grut kabaalapparaat lein foar ‘bonkerakplaatsjes’ sa’t sy dat neamden. Eartiids bin ik ek by de eachjedokter west foar ûndersiken en Baas hat de ier yn myn foarpoat benei lek prikt om te sjen oft ik wol sûn bin. Fansels bin ik dat! En de ôfrûne wike hiene se al trije kear wer bloed prikt om te sjen hokker momint ik it bêste nei dy ‘wâldrikel’ ta koe. Ik wie der wol klear mei... En op dy bewuste jûn wie ‘t blykber safier. Dus ik mei yn harren wein en meielkoar op nei Sven. Wie ‘k al pear kear mei yn ‘e kunde west by tiden fan jachttrainings en ik moat blaffe dat ik dy linige apporteur bot graach lije mei. Dit kear giene wy lykwols net nei ‘t bosk ta, mar gewoan by him thús yn ‘e tún. No, om in wiidweidich ferhaal koart te meitsjen: wy hawwe oardel oere omgisele en boarte, mar ik haw him net op myn krús talitten. Nei withoefolle bakjes kofje sei Baas dat it moai west hie en setten wy wer ôf op nei hûs ta. ‘Moarn nochris besykje?’, hearde ik Baas by de efterdoar freegjen. No, sa.
77 Online Touch Home