Tusken Tsjerke en Kroech 9 - 2020 sneon 4 april 2020 Wy binne drok dwaande mei de omballingen foar de njoggende edysje fan Tusken Tsjerke en Kroech en dêr kinne wy altiten noch wol wat help by brûke! Wy hawwe noch te min itensieders! Fansels, it sieden fan in miel waarm iten foar in tsiental minsken is net itselde as it bakken fan in aai, mar it soe moai wêze as der noch wat mear minsken harren hjir foar opjaan soene. Yn maart ferkeapje wy ek wer ús fertroude pûdsje mei sûkelade-peaskeaaikes, wy hoopje dat wy se wer flot ferkeapje meie! De start fan TTeK is as fan âlds yn 'e tsjerke, mei in optreden fan Popkoar Blinder, 24 entûsjaste froulju út Littens en omkriten ûnder lieding fan Baukje Hoogstins, dy't foar ús in program bringe fan pop-, musical- en jazz-lietsjes, mei begelieding fan piano, gitaar en kontrabas. Nei it waarme miel yn de Wjukken begjint it eigenlike program. Sa as wenst binne der wer trije rûtes wêr't jim út kieze kinne, yn elke rûte sit genôch ferskaat en ek dit jier besykje wy wer wat nije dingen: Giele rûte 1. Bennie Huisman: De yn Fryslân bekende trûbadoer/lietsjeskriuwer/ferhaleferteller hoecht winliken gjin yntroduksje mear! 2. Podcast: Wit jo wol wat dat is, in podcast? Undergean it, en hear it ferhaal fan dokter Haima syn 11 stêdetocht. In wintersk aventoer, fersoarge troch de Iisklub fan Jorwert. 3. Willie Zeldenrust: is troud mei in skipper en hellet út dy wrâld in part fan har ynspiraasje foar har ferhalen. Reade rûte 1. Samowar: Rob Mangus mei syn muzikale freonen Sina Keuning (sang), Geppy Haarsma (akkordeon) en Ellen Kuipers (kontrabas) foarmje de muzykgroep Samowar (in Russyske teetsjettel) en sy bringe in program mei jiddyske muzyk, siz mar klezmer-muzyk. Mar se sjonge ek yn it Ladino. MANDEGUOD 16
19 Online Touch Home